×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 78 niet laden

Eastermar is in doarp mei in rike skiednis wat it silen oanbelanget. De resinte skûtsje-skiednis is dy mei ús skipper Geale Tadema, dy't nei twa kampioenskippen yn de C- en B- Klasse, ferline jier spitigernôch wer ôfsakke nei de B-Klasse om't it yn de A-Klasse krekt net slagge. Mar dochs is Eastermar yn 2009 wol in bytsje kampioen wurden. Dat sit sa: Jelle Talsma fan Warten die mei syn 'Jonge Jan' wol wat Geale net slagge: hy promovearre fan de C- nei de B- nei de A-klasse en waard dêr op 'e nij kampioen! Mar... eins mei in Eastermarder skûtsje! Gjin wûnder fansels dat dat ding hurd giet...
Earste eigner wie Sytze Jiskes Sytema fan Eastermar: de Poep. It skûtsje krige deselde bynamme as de eigner. De Sytema’s wûnen der yn dy tiid tûzenen gûnen mei.
Oer de 'Jonge Jan' of De Poep is no in boek útkaam. Hjir is it te bestellen.

Oer ús skûtsje 'ít Doarp Eastermar' is ek in hiele skiednis bekend. Nijsgjirrich om te sjen hoefolle skûtsjes in link mei Eastermar hawwe. Sjoch sels marris yn dit syk-skerm en sykje op 'Eastermar' of 'Oostermeer'.

Oft en wannear't in boek oer Geale Tadema en 'it Doarp Eastermar' útkomt is noch net bekend, mar dat lêze jimme op dit plak fansels as earste! Earst marris de IFKS-wedstriden fan it kommende seizoen ôfwachtsje. Yn dit skema kinne jim sjen wannear't it allegearre losbarste sil.

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe