Mei net al te folle golfslach op de Burgumer Mar hie Sinteklaas dit jier in noflike oertocht. In bjusterbaarlik grut tal bern stie him op te wachtsjen.
De Eastermarder 'boargemaster' Wijbe Postma hiet Sinteklaas mei syn piten hertlik wolkom en fansels (wat binne dy swarte piten altyd in bongels...) wiene der ûnderweis wer in pear weiwurden. Hoe't se dat altyd wer klearspylje as je op in boat sitte is my in riedsel; miskien moatte se de sleutels fan dy speedboaten ris better ferstopje...
Dy beide piten hiene neffens my ek de Eastermarder hiemside even bûten wurking steld, mar dy is hiel wat fraaier weromkaam!
De ûntbrekkende piten waarden trouwens letter weromfûn yn de Eastermarder fuotbalkoai.
Mar om noch efkes werom te kommen op de nije webside: merakels moai net? De byldferslagen mei alle foto's fan ús razende reporters steane wer klear !
-
- Informatie
- 28 mei 2023
Noch ien moanne...50 jier doarpsfeest!
Noch mar ien moanne, it is hast safier, Eastermar kin begjinne mei ôftellen: in spesjale edysje fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 mei 2023
World Servants
-
- Informatie
- 25 mei 2023
30 jier Kapsalon Joukje!
Trije desennia de fêste stek oan de E.M. Beimastrjitte foar in protte Eastermarders, mar ek út de omk... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 mei 2023
VV Eastermar kampioen / zaterdag kampioensfeest!
VV Eastermar is kampioen geworden en dat willen we graag met jullie vieren op zaterdag 27 mei vanaf... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 15 mei 2023
Verslag EArun 2023
Wat een dag! EArun, het hardloopfestijn in de wâlden, was dit jaar nog beter dan vorig jaar! We hebb... Fierder lêze »