It siet smûk yn ‘e winkel fan Jannes Hamstra. In moai ploechje minsken hie him opjûn foar de wynpriuwerij mei wynadviseur Alex v.d. Wal fan Excluvin wynymport. De dielnimmers mochten gear oer fjirtjin ferskillende wynsoarten, fan wite Spätburgunder Blanc de Noir feinherb oant sjerperige Sherry Ferris solera 1941. Elke wyn koe mei in sifer tusken 1 en 7 beoardiele wurde. Konklúzje: elk minske hat syn eigen ‘smaakbeleving’.
De oanwêzigen hearden termen as walsen, droesem, tannine, struktuer, anty-oksidanten en polyfenolen. Preaunen aroma's fan fruchten, nuten, krûden en lagering op hout. Waarden attint makke op it mûlegefoel fan de wyn: rûn, soepel of krekt stroef en strak.
Tuskentroch soarge Jannes der mei stokbôle en lekkere hapkes foar dat it selskip skerp bleau.
Yn febrewaris organisearret Jannes yn de saak wer in jûn mei in oansprekkend tema: it wokken fan griente. Hâld de oankundiging yn ‘e gaten, want dat wurdt grif ek de muoite wurdich!
foto's Albert Bakker
-
- Informatie
- 16 mei 2025
Kom op zaterdag 17 mei vanaf 13.00 uur naar de Iterstún
-
- Informatie
- 16 mei 2025
Wie maakt de mooiste omslagfoto voor de Marnijs?
Marnijs nummer 54 wordt een jubileumnummer omdat we 10 jaar bestaan.Kopijdatum voor dit jubileumnumm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 15 mei 2025
DUORSUME KLEANBEURS op 16 augustus
Kom mei klean út de kast dy't dy dochs net mear passe nei de duorsume kleanbeurs op sneon (saterdei)... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2025
Stichting Iepenloftspul Eastermar komt foar ‘t ljocht
Earste ynfojûn 7 maaie grut sukses As wolkom krije de minsken bûten al te hearren:‘Jo kinne jo mar b... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 september 2024
Eastermar twa dagen it sintrum fan de wrâld
De Hûnekop iepent it Easterbarren (Foto Saskia van den Berg) Wy skriuwe ‘the day after’. It Breed le... Fierder lêze »