Nei de dikke buien fan foarige wike kaam it goeie waar krekt op ‘t tiid werom en koene wy sneon 1 septimber wer los mei it Silersbarren.
In ploech fan 37 dielnimmers stie moarns klear op it Breed en in kolonne waard ôfreizige nei Heech. Dêr leinen in moai protsje Polyvalken foar ús klear. Fjouwer man per boat mei altyd minstens ien skipper mei ûnderfining oan board. En skippers hawwe wy yn Eastermar genôch.

silersbarren2012

Omdat it tradisjonele oanstekkersplak, Badmeester Keimpe in Balk, dizze dei al te folle drokte hie, waard in alternative bestimming optocht: de Galamadammen. Dat betsjutte lavearje oer de Fluessen dy kant út. Mar mei in moai koeltsje gie dat bêst. En de útsmiter op ‘e Galama smakke tige goed. Werom koe foar it lapke en dat gie hiel relekst. Underweis wie der tiid foar sterke ferhalen, even swimme, in slokje en ôfwaaid praat. 
Mei in ôfsluter yn de Parel wie it al mei al in tige noflike silersdei.
Wa’t oare jier ek meiwol kin de earste sneon fan septimber fêst yn it bûsboekje notearje.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: