(Troch Simon Bosma)
De waarminsken hiene yn it foarút gjin bêste berjochten. Buien mei kâns op tonger, hagel en wynstjitten. Net it waar dat jo mei it Easterbarren brûke kinne. It bleau net droech, mar it koe hiel wat minder.
Op 13 poadia koe elk genietsje fan sang, dûns, muzyk, kabaret, toaniel, keunst en noch folle mear. De minsken wiene dan ek manmachtich nei ús doarp ôfreizige, al like it oft it wol wat minder wiene as foargeande jierren.
It wie de eare oan de Fjouwer Trûbadoers om it Easterbarren 2012 te iepenjen. Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Jaap Louwes en Doede Veeman. Dêrnei gie it los. Elk koe kieze út 13 poadia.
Bysûnder wiene dit jier de plysjehûnen. Hja lieten op de Komerk mei har bazen sjen wat hja allegear koene. Boeven pakke, foarwerpen en minsken bewake en speure. Lokkich hie de ‘boef’ saterdei in beskermjend bytpak oan. In yndrukwekkende prestaasje.
Moai wie ek de demonstraasje fan it ‘Doggy-dancing' troch Grietje Wagenaar.
Fierders wiene der optredens fan Gerbrich van Dekken, GeDoBr, Challenger, Dixie Doodle, Koardinaasje, Sa en Oaren en Twirre. Ekposysjes wiene der ek. Fan skilderijen en glês yn lead. Us eigen skûtjse 'It doarp Eastermar' gie mei shantykoaren en harkers de Mar op.
Der koe ek mei folle lytsere boaten fard wurde. Prachtige modelboaten yn in grutte bak mei wetter. It is eins te folle om op te neamen.
Oan 'e ein fan de dei soe Lechery op It Breed it Barren ôfslute. Mar doe kaam der in bak wetter nei ûnderen en waaide it hurd. Lechery moast spitigernôch syn optreden ôfbrekke. Op nei de edysje fan takom jier!
-
- Informatie
- 05 juli 2022
Toekenning subsidie aan Mienskipshûs Eastermar is rond!
In een vorig artikel op deze site zijn de plannen voor het Mienskipshûs in de Kjellingen al uitgebre... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
De sigaar
Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjong... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
Eastermar is...
...it fertroude Eastermarder blau en giel, mar mei in oare betsjutting. Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 juni 2022
Expeditie FCJT
Expeditie Robinson Wanneer: Zaterdag 17 september 2022 Tijd: van 14.00 uur tot 16.30 uur (2,5 uur pro... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 juni 2022
Ein fan in tiidrek... feemerkmaster Jan Atsma stoppet dermei
Sa lang't der yn Eastermar in feemerk west hat, wie Jan Atsma derby. Krapoan 50 jier lyn begûn it al... Fierder lêze »