Saterdeitemiddei 27 oktober wiene se noch te hearren op Radio 1 by it programma Kopspijkers, woansdei 30 oktober is de premiêre yn Theater Bellevue yn Amsterdam. Mar saterdeitejûn 27 oktober stiene 'de Andersons' mei ien fan de lêste tryouts fan harren programma Vreeswijk & de Andersons yn Theater Meerzigt. Foar in folle seal namen de heal-Sweedske Anna en har trije jongens it publyk mei op in muzikale reis troch it libben fan Cornelis Vreeswijk (1937-1987) om ûnderweis ek noch wat te fertellen oer Sweden en syn gewoantes.
Cornelis Vreeswijk is yn Nederlân berne, mar hat it grutste part fan syn libben yn Sweden wenne. Hjir is er fral bekend wurden troch bgls. De nozem en de non en Veronica, mar is hjir nea sa’n grutte stjer wurden as yn Sweden. De Andersons brochten in lytse seleksje fan syn mear as 500 lieten, meastal yn it Nederlânsk mar somtiden ek yn it Sweedsk.
Syn teksten geane foar it measte part oer de ûnderkant fan de maatskippij en de ferskoppelingen en binne no noch like krachtich en aktueel as yn de tiid dat se skreaun binne. Hy hat ek prachtige poëtyske lieten makke, mar ek dizze teksten ha allegearre in skerp rântsje.
De Andersons brochten it programma mei faasje en entûsjasme en it wie dúdlik te fernimmen dat se der sels ek in protte nocht oan belibben. It is moai dat Theater Meerzigt der ek yn slagget om, neist de foarstellings fan tichtby, ek lannelik bekende foarstellings nei Eastermar te heljen.
Antsje Schoenmakers
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 13 april 2022
Containerdrummers in Eastermar
Zaterdagmiddag 9 april 2022 was de première van de nieuwe show van de containerdrummers van De Marko... Fierder lêze »