De fêste dielnimmers sieten al foar twaën klear en koene hast net wachtsje op wat foar guon minsken it hichtepunt fan it doarpsfeest is: de wedstriid sigaarsmoken. Eastermar is ien fan de lêste doarpen wêr't dizze tradysje alle jierren op it program stiet, ek al hinget it buordsje 'ferbean te smoken' oeral yn de feesttinte.
Sjuerylid Wijbe Postma wie ferhindere mar hie in prima ferfanger fûn yn Wim Stougie, dy't de taak fan it sigaarstompmjitten och sa serieus naam. En dat wie dit jier in wichtige saak die bliken, want der wiene meardere dielnimmers mei in gelikense útslach.
Op in dielde earste plakje mei in sigarestomp fan 4.4 sentimeter wiene dat Sipke Hoekstra en Oane Hoekstra. Twadde wie de winner fan in eardere sigaarsmokerij: Gepke Hoekstra mei 4,5 sm. It tredde plak moast ek wer dield wurde troch Martijn de Jong en Age Nicolai mei 4.9 sm.
Konklúzje fan dizze edysje: jo kinne mar better Hoekstra hjitte want dan ha jo blykber in milimeterstreekje foar...
Martijn de Jong, tredde plak
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Steun Team Eastermar voor Lokaal Loket
Raimondo en Henk gaan dit jaar deelnemen aan de Tour Alpine Multi Challenge. Deze tocht zullen ze ri... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 januari 2025
Sinkhole op it Wytfean?
Op 'e hoeke fan de Seadwei en de Achtienenweg leit de dyk der mar raar by, it liket wol in sinkhole... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 januari 2025
Esmae Naomi Bies in Finale Miss Universe Fryslân
Onze trots Eastermarder Esmae Naomi Bies zit in de finale van Miss Universe Fryslân! Esmae maakt kan... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 juli 2024
Uitslag verloting skûtsje 'de Broekophâlder'