Yn in bomfolle gymseal gie it der by tiden need oan ta en waard der flink by inoar opbean neidat it earske kavel, it swimbadabonnemint, foar fierstente min sinten ferkocht waard. Mar gelokkich waard dizze teneur net trochsetten en kin de organisaasje werom sjen op hegere opbringst as trije jier ferlien. Doe stie de teller op 12.000 gûnes. No sil nei alle gedachten it bedrach heger útkomme as 6000 Euro, de opbringsten fan de kavels, de giften en de ynkomsten fan de ferkeap fan de DVD's en fideobannen byinoar opteld.
Grutte klappers wiene in reklameboerd op de sportfjilden en in Yndysk itentsje by de grientespesjalisten thús. Dizze kavels wiene op it lêste momint taheakke, dus dat seit wat oer de spontaniteit fan guon Eastermarders dy't ta wille fan alle besikers flink tsjin inoar opbean. Ek de kaarten foar de thúswedstriden foar SC Heerenveen wiene populêr, wylst gebak en cake foar tsientallen Euro's fan eigner wikselden.
De kommisje Fûnswerving Burgerkamp hat it doel en meitsje fan dizze feiling yn tradysje, dus oer in jier as twa, trije sille wy wer genietsje kinne fan op 'e nij orizjinele en moaie kavels en kin ús sportkompleks wer efkes foarút.
-
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
Gezocht Nieuwe Havenmeester
Voor het komende seizoen zijn wij opzoek naar een nieuwe havenmeester.Wat verwachten we: Iemand die... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
EA-Bloeiweek 2025
Na het geweldige succes van Eastermar Bloeit in augustus 2024 zetten we Eastermar opnieuw in bloei i... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 12 juni 2022
Kantine en Dorpshuis
Sinds januari 2022 is Hendrik Hoekstra de enthousiaste beheerder van sportcomplex de Burgerkamp.&nbs... Fierder lêze »