It waar topattraksje by edysje 2011
Wylst donkere loften, dikke buien, hagelstiennen en wynhoazen prachtich om Eastermar hinne lutsen, bleau it by it Easterbarren, op trije drippen rein nei, droech.
De alfde edysje wie ien fan bekende nammen en nijsgjirrige nijkommers. Fan bekend wurk en nije lûden. Fan muzyk, poëzy, skilder- en oare keunst, fan ynformaasje en ferdivedaasje.
Wat hat eltsenien wer genietsje kinnen fan it strjitfestival. En wat binne wy de organisaasje tankber dat dit alle jierren samar en fergees wer plakfine kin. De reaksjes op bygelyks Twitter binne tige optein oer it Easterbarren.
De formule fan it Easterbarren is sûnt 2000 hast net feroare en izersterk. Eltsenien kin genietsje fan in spektakulêre iepening en dêrnei siket men syn of har eigen sfear op of bliuwt fol ferrassing earne stean by ien fan de poadia, it programmaboekje der by om út te finen hokker namme by it nijsgjirrige lûd heart. It is ek hiel aardich konstatearje te kinnen dat nijkommers fan in pear jier lyn no enoarme publyklûkers wurden binne, tink mar oan 'ús eigen' Gerbrich van Dekken. Der wie hjir en dêr dan ek gjin trochkommen oan. En dat nijkommers fan hjoed-de-dei in prachtkâns krije om har te profilearjen, tink mar oan Rens Kroes dy't by de ôfsluter mei Lechery in 'Adele'-fertolking die en it publyk om krige.
Easterbarren is dé ôfsluting fan de simmer, in reüny foar artysten en publyk en in wynhoas fol Fryske keunst & kultuer tagelyk. En, net te ferjitten, mei mooglik makke troch it waar!
-
- Informatie
- 25 september 2023
Buurt De Kamp zit er weer prima bij op Burendag
Traditiegetrouw werd Burendag weer gevierd door buurtvereniging De Kamp in Eastermar. Na koffie en g... Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 september 2023
Pat Zijlstra (de Zandloper) stookt ‘Oerfryske’ whisky
Us dream komt út! Al tijden schreef Geesje Zijlstra op het bord van de Zandloper over hoeveel dagen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 21 september 2023
Verse groente van de Iterstùn
Donderdagavond 21 september (7 tot 8) zijn de volgende groenten te koop op de Iterstùn SpinazieRode... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 september 2023
Eastermarder docht bysûndere waarnimming
As soan fan in bakker waard Elte Martens Beima op 11 febrewaris 1801 yn Eastermar berne. De dûmny fa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 september 2023
Team Easterbarren bedankt…
Afgelopen zaterdag was het de 21e keer dat Straatfestival Easterbarren werd gehouden. Wát weer een f... Fierder lêze »