Wy kinne weromsjen op in tige slagge Snertbarren. De dielnimmers hienen wer hearlike snert makke en der wie dit jier foar iderien wol in bakje earte. Alles omliste mei in prachtich optreden fan Michiel en Pieter Veenstra dy't de sfear der wol yn krigen.
Sa as gewoanlik koenen mar trije dielnimmers in priis krije:
- de tredde priis wie foar Minke Brouwer
- de twadde priis gie nei Bonne Benedictus
- en de earste priis wie foar in dielnimmer dy't foar de earste kear meidie - Albert Bakker en Helena Tadema soenen beide ek al nei foaren stappe - mar de earste priis wie foar Eit Jonkman fan de Beimastrjitte.
Wy wolle de snertsieders graach betankje foar it meidwaan, ek kafetaria `t Breed en H.R. de Parel foar it meitsjen fan in grutte panne snert foar de dielnimmers oan de kuiertocht. Krekt as de wedstriid-snertsieders dienen se dat fergees.
Ek betanke de froulju fan de broadsjes-woarst en de minsken fan it TIP foar it organisearjen fan de kuiertocht. En net te ferjitten fansels alle minsken dy't neitiid noch holpen ha by it ôfbrekken fan de kreamkes ensfh.
De opbringst fan it Snertbarren bliuwt yn eigen doarp en sil gean nei Eastermarders dy't wol wat ekstra's brûke kinne.
Dit Snertbarren waard moogliik makke troch sponsoring fan de 'Ondernemersvereniging Eastermar' en mei troch harren bliuwt der alle kearen in moai bedrach oer foar in goed doel.
Ut namme fan de leden fan de Snertbarrenkommisje,
Allard, Minne, Albertha en Jannes.
De opbringst fan it Snertbarren is € 340,-!
Klik hjirre foar de fotoreportaazje fan it Snertbarren 2011, makke troch Albert Bakker.
Oar doarps- en ferieningsnijs:
-
- Informatie
- 05 juli 2022
Toekenning subsidie aan Mienskipshûs Eastermar is rond!
In een vorig artikel op deze site zijn de plannen voor het Mienskipshûs in de Kjellingen al uitgebre... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
De sigaar
Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjong... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
Eastermar is...
...it fertroude Eastermarder blau en giel, mar mei in oare betsjutting. Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 juni 2022
Expeditie FCJT
Expeditie Robinson Wanneer: Zaterdag 17 september 2022 Tijd: van 14.00 uur tot 16.30 uur (2,5 uur pro... Fierder lêze »
Ek nijsgjirrich:
-
- Informatie
- 03 juli 2022
Eastermar is...
...it fertroude Eastermarder blau en giel, mar mei in oare betsjutting. Fierder lêze »