Sinteklaas is wer yn ús doarp oankaam nei in tige lange reis mei syn stoomboat alhiel út Spanje wei. Sinteklaas wie sneon earder al oankaam yn Middelburch en Dokkum, dat wie ek op ‘e televyzje te sjen. Mar yn syn grôtfolle aginda hie er ek dochs noch tiid frijmakke foar Eastermar.
It hie lykwols net folle skilt of Sinteklaas wie ús doarp foarby gien. De ‘Tomtom-pyt’ wie wat yn ‘e beannen dat de boat mei Sinteklaas soe hast trochfarre en wie suver al yn ‘e Rottefalle!
“It leit der hjir no ek sa oars hinne yn dy haven”, sa sei Sinteklaas tsjin boargemaster Postma.
Lokkich kaam it allegear noch goed en kamen Sinteklaas en úteinlik ek de pipernuten op ‘e tiid oan. Neidat Sinteklaas in tocht troch it doarp makke hie, gie er mei de bern nei de gymnastykseal ta.
-
- Informatie
- 10 augustus 2022
Easterbarren in een nieuw jasje
Na twee jaar verplicht radiostilte zijn we er dit jaar eindelijk weer! Zoals jullie van ons gewend z... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 augustus 2022
Escaperoom yn Eastermar
Beste kinderen, ouders en speurneuzen,Om kennis te maken met de boerderij doen we al een aantal jare... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 21 november 2021
Sinteklaasyntocht 2021
De bern fan Eastermar hiene der al in skoft nei útsjoen. En gelokkich mocht Sinteklaas fan de boarge... Fierder lêze »