De tradisjonele sigaarsmookwedstriid fan fannemiddei hat wer in grut súkses west. Mear as fyftich dielnimmers melden har yn ‘e spesjaal pleatste smooktinte. De sjueryleden Toop van der Velde en Wijbe Postma hienen der klauwen oan om de dielnimmers fuort nei twaën op ‘e tiid fan sigaren en fjoer te foarsjen. Der wie fanút gien dat fyftich sigaren genôch wêze soenen mar rom nei twaën melden har noch gadingmakkers foar de wedstriid. Sadwaande moasten út de ‘doaze-mei-breuk’ noch in tal goede sigaren opdjippe wurde om ‘e letkommers fan smokerij te foarsjen.
Wakker spitich wie ’t dan ek foar Halbe de Vries fan ’t Heechsân doe’t er him om fiif foar healwei trijen noch ynskriuwe litte woe: sigaren op! Halbe hat him ferslein achter de feesttinte weromlutsen om de teloarstelling yn stilte te ferwurkjen. Letter, nei de wedstriid, ha syn smookmaten Gerrit Bijker en Tamme Zandstra (Eastermarders om utens) him geastlik bystien en mei in fris bierke besocht him mentaal wer op ‘e kluten te krijen. Halbe sels joech oan dat er de organisaasje fan ‘e sigaarsmokerij oansprekke sil – skriftlik of mûnling – en miskien tsjinnet er in kleem yn om fergoeding fan ‘e oprûne mentale skea…
Fan dit dipke yn ‘e organisaasje hienen de smokers yn ‘e tinte gjin weet. Dêr waard it spul skerp spile en al gau moast Douwe Brouwer syn meardere erkenne yn de dochs wat jongere generaasje. Ek de froulju spilen net swak by. Har winsk om út te kommen yn in aparte kategoary wie (alwer!) net honorearre troch de feestkommisje. Sy krigen sjuerylid Wijbe wol safier dat dy har by de priisútrikking in earfolle fermelding taskikte en de winnares de sa felbegearde (plastik-) beker oerlange. Dêrneist kin de organisaasje ek wakker op ’t skik wêze mei de ynterdoarplike ynteresse foar dit smokersbarren. In stevige delegaasje út ‘e Westereen hearde ta de dielnimmers. Dizze hearen hienen lykwols har dei net, want net ien fan har foel yn ‘e prizen.
Dat de striid fûl en mei de ynstelling fan in topsporter fierd waard, kaam nei foaren yn in útspraak fan Anne Hoekstra fan ’t Hôf: “De fingers wurde my hyt, de lippen wurde my hyt, de tonge wurdt my hyt en dochs doch ik mei!”
De útslach (it giet hjirby om de lingte fan ‘e peuk dy ’t oerbliuwt):
Froulju:
- Tieneke Postma 33 mm.
- Linda Zeggelaar 53 mm.
- Frieda Faber 54 mm.
Linda wurdt twadde by de froulju (Foto Jan Kooistra)
Manlju:
- Ale Brouwer 19,5 mm.
- Bennie Zeilstra 21 mm.
- Geert Feddema 24,5 mm.
- Bennie Westerhof 27,5 mm.
- Robert Tienstra 29 mm.
Ale winner by de manlju (foto Sjoukje Kooistra)
Yn 'e prizen (foto Hetty Thomson)
-
-
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 november 2024
Intocht Sinterklaas in Eastermar
Sinterklaas is weer in Eastermar! Deze keer niet met de stoomboot maar te voet door de weersomstandi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 november 2024
OPROEP!! OPROEP!!
Hallo dorpsgenoten, Wij zijn op zoek naar nieuwe leden voor in de feestcommissie van het Eastermarde... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 juli 2024
Uitslag verloting skûtsje 'de Broekophâlder'