By de sigaarsmookwedstriid fan dit jier is dúdlik wurden dat de Eastermarders har it lêste jier goed taret ha op dit toptreffen: de prizen bleaunen yn eigen doarp. De konkurrinsje fan bûten liet it ôfwitte, want de Kamminga’s, Huizinga’s en Douma’s út oare Wâldhoeken ha har bêst dien, mar koenen gjin rol fan betsjutting spylje tsjin ‘e Eastermarder paffers. Ien útsûndering yn dit ferbân moat neamd wurde. Dat is Andries Kamminga, om’t dy himsels in handicap oplei troch de sigaar omkeard yn ‘e mûle te stekken. Nei ’t er syn misser ûntdutsen hie, wie er sa sportyf en smook ûnfersteurber fierder om dochs in goed resultaat te heljen. Soks jout oan dat der ek karaktersmokers binne en hy fertsjinne dêrmei in earfolle fermelding fan ‘e wedstriidlieding.
Dyselde wedstriidlieding, besteande út Toop van der Velde en Wijbe Postma, wie dit jier needsake om de mjittingen út te drukken yn hûndertsten fan in sintimeter, wat ek oanjout dat de kwaliteit fan ‘e smokers noch hieltiten tanimt. Fierder moast ad hoc besletten wurde om de wedstriid oan in eintiid te binen, om’t oars de ‘diehard’-trochdampers it hiele wykein sitten bleaun wienen om ien sigaar yn jiske om te setten.
De krityk fan ‘e froulike dielnimmers dat der eins in aparte kategory frouljusmokers ynsteld wurde moat, snijt nei hjoed gjin hout mear. Want… by de top-trije fan dit jier wie in frommes! Tineke Postma helle fannemiddei brûns. Hulde foar dizze topprestaasje!
It twadde plak wie ek foar in alle jierren wer meistridende Eastermarder. Bennie Zeilstra seach syn allegeduerigen tanimmende ûnderfining beleanne mei plak nûmer twa op it eareskavot.
Doe ’t de winner fan dit jier him om twa oere fannemiddei ynskriuwe liet, hie de organisaasje eins de priis daliks wol oan him meijaan kinnen. Ien út ‘e hûshâlding fan Nico’Tine is eins by dit topsportbarren ommers foarbestimd om as winner út ‘e (tabaks)bus te kommen… Sipke Hoekstra mei in jier lang de titel Sigaarsmook-kampioen drage en sil, sa betroude er de redaksje ta, syn âlden net teloarstelle en ferdigenje de titel yn 2011 mei alles wat yn him is. Wy hoopje dat dit foarnimmen net yn reek opgiet.
It resultaat yn sifers:
1-ste priis: Sipke Hoekstra, 2,50 sm.
2-de priis: Bennie Zeilstra, 2,67 sm.
3-de priis: Tineke Postma, 3,02 sm.
(foar de net-ynwijden: de oerbleaune peuk wurdt metten foar it einresultaat)
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Steun Team Eastermar voor Lokaal Loket
Raimondo en Henk gaan dit jaar deelnemen aan de Tour Alpine Multi Challenge. Deze tocht zullen ze ri... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 januari 2025
Sinkhole op it Wytfean?
Op 'e hoeke fan de Seadwei en de Achtienenweg leit de dyk der mar raar by, it liket wol in sinkhole... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 januari 2025
Esmae Naomi Bies in Finale Miss Universe Fryslân
Onze trots Eastermarder Esmae Naomi Bies zit in de finale van Miss Universe Fryslân! Esmae maakt kan... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 03 juli 2022
De sigaar
Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjong... Fierder lêze »