Fannemiddei hat Eastermar kennis meitsje kinnen mei it fenomeen 'panna'. Op 't Breed wie troch de gemeente in sirkelfoarmich fjildsje fan panelen opboud mei oan wjerskanten in iepening: it doel. Sa stie dêr in saneamde 'pannakooi' mei in 'boarding' fan krapoan in meter heech. Op dat spylfjildsje waard in fuotbalspul spile fan twa tsjin twa of ien tsjin ien. Elke wedstriid duorre 3 minuten.
De bedoeling fan it spultsje is om de tsjinstanner lytsman te meitsjen troch him de bal tusken de skonken troch te spyljen: dan skoart men in 'panna' (twa punten). Tusken healwei twaën en trijen waard der op ús doarpsplein wakker fanatyk fuotballe.
It gehiel wie organisearre yn it ramt fan de gemeentlike aksje om de jongerein dy 't foar it earst te stimmen mei yn kontakt te bringen mei de gemeentlike polityk. Us pleatslike politisy Eelke Hoekstra (CDA), Jos Marcus (ChristenUnie) en Wijbe Postma (FNP) kamen ek yn aksje. De Eastermarder belangstelling foar dit barren wie, yn ferliking mei de oare plakken dêr't dit oheden hâlden waard, tige goed. Om de 'pannakooi' stienen al gau in man as 25. Dy taskôgers libben ôfgryslik mei en stienen as ien man achter de dielnimmende pleatslike jeugd. Hessel Bouma (GBT) hie de rol fan 'stadionspeaker' op him naam en joech kommentaar op de aksjes fan spilers en benammen dy fan 'e skiedsrjochters.
Ek koenen de jongeren ideeën opskriuwe en ynleverje foar saken dy 't hja yn ús doarp noch graach realisearje wolle. Foar de trije bêste ideeën binne jildprizen beskikber. Yn dy prizepot sit in bedrach fan € 10.000,-. Oft dizze panna-aktiviteit in 4-jierlikse tradysje wurdt is noch net te sizzen. Dêr hat de nije gemeenteried, dy 't op 3 maart o.s. keazen wurdt, noch rom trije jier de tiid foar om dat te regeljen. Nei alle gedachten wurdt dêr earst in kommisje foar ynsteld...
-
- Informatie
- 22 maart 2025
Oprop: wie heeft grond voor Grûn?
Op 17 mei wordt in Leeuwarden de openingsparade Grûn gehouden van Arcadia 2025. Er wordt dan grond r... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 14 maart 2025
De brêgewipper komt werom yn Eastermar
Ynienen stiet der in blau hokje by de Litsbrêge. It hokje is bedoeld as ûnderkommen foar de brêgewip... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 maart 2025
Uitnodiging TIP-wandeling
Het bestuur van TIP Eastermar Promoasje heeft in de februari-editie van de dorpskrant ‘Marnijs’ aang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 29 augustus 2024
It Breed is ien grutte iterstafel
Likernôch 75 folwoeksenen en 50 bern hawwe gebrûk makke fan in unike kâns: oanskowe foar it jûnsiten... Fierder lêze »