Fan 10 oant en mei 15 juny wurdt yn Burgum it Skots-en Folkfestifal hâlden. Op dit barren trede ferskate dûns en muzykgroepen út de hiele wrâld op.
Yn Eastermar wiene ek in tal gasten ûnderbrocht. Ferskate Eastermarders hiene der dy wike in pear útfanhûzers by. Dit wiene foaral bern út Letlân wei. Om harren tank foar al de goede soargen út te sprekken en om de Eastermarders ris kennis mei in oare kultuer meitsje te litten waard in optreden hâlden foar alle skoalbern.
Der wiene optredens fan twa groepen: dy út Letlân wei, en as spesjale act kaam der in groep út Mongoalië wei.
De groep út Letlân hat as namme "MÊMELÎTE". Hja komme út it plak Bauska, wat sa’n sechstich kilometer fan de haadstêd Riga leit. De namme fan de groep is ûntstien út de nammen fan de trije rifieren dy’t om de stêd hinne streame.
“KHUKH MONGOL" is de namme fan de groep út Mongoalië. It betsjut fan: Blauwe Mongoal. Mongoalië stiet nammentlik bekend om syn blauwe loften. It is de kleur sa sizze hjasels fan alle Mongoalen. Dizze groep bestiet noch mar fiif jier mar hat al in protte suksesfolle optredens dien oer hiel de wrâld hinne.
It optreden yn Eastermar wie in grut sukses.
(foto's: Simon Bosma)
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 juli 2019
Roemeens Dansensemble in Eastermar
In Burgum is de afgelopen week voor de 15e keer een internationaal dansfestival georganiseerd "Het M... Fierder lêze »