Klik op de foto foar it byldferslach.
Sa’n 40 bern melden har saterdeitemiddei 8 july by de fuotbalkoai oan it Harstepaad. Hja kamen dêr om mei te dwaan oan it ‘Koaitoernoai 2023’ dat de Behearsgroep Fuotbalkoai Eastermar organisearre. It wie in sportfestijn mei in spesjaal kleurke, want de koai fierde har 12,5-jierrich bestean.
De dielnimmernde bern – wêrûnder 4 famkes – waarden ferdield oer 7 groepen en koenen ferskillende fuotbalspultsjes dwaan. Op it fjildsje oan it Harstepaad stie in mânsk opblaasdartboerd dêr’t mei klittebânballen punten skoard wurde koenen. By it tagongspaad koe yn de KEaRNbus in FIFA-soccergame spile wurde. Yn ‘e koai sels moasten twa ploegen tsjin mekoar stride en op it Twirreplein waard heechâlden, blokjefuotballe en moasten hja har Panenka-feardigens toane.
It wie ‘waar as spek’, ja, eins wol wat té waarm, mar omdat der foar genôch kâld drinken soarge waard en as ferrassing ek noch iisko’s útdield waarden, wienen de dielnimmers de waarmte wol treast. Op ien noasbliedinkje nei ferrûn de middei sûnder ûngemakken.
Mei in optreden fan it duo ‘Nordicos’ út Nijlân (balkeunstners) waard it sportive part ôfsletten. De groep mei it heechste puntetal (549 !) bestie út Hindrik Oosterman, Simme Keuning, Simme Mulder, Jouke Jelmer Douwes, André Douwes, Pieter ?? en Lars Veenstra. Fan dy winnende ploech hie Lars Veenstra de measte yndividuele punten en hy krige de Klaas van der Ploeg-bokaal útrikt.
Proficiat Lars!
Fan de Behearsgroep gean tankwurden út nei de direksje fan doarpsskoalle De Twirre foar de meiwurking, nei de V.V. Eastermar foar it beskikberstellen fan prizen, nei KEaRN foar it meihelpen by de opset, nei de frijwilligers dy’t ús holpen ha en fansels nei de âlden dy’t mei har entûsjaste reaksjes de sfear osa posityf makken.
De Behearsgroep Fuotbalkoai
-
- Informatie
- 18 april 2025
Pop-up camping tijdens Ea Bloeiwike
Pop De leukste en voordeligste vakantie vier je in eigen dorp tijdens de EaBloeiwike (16 – 23 aug)op... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
De Bus MEIVAKANTIE tour komt op 23 april in Eastermar
Beste ouders! Tijdens de meivakantie volgende week organiseert het jongerenwerk weer een bustour! Dit... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
Utnûging ynformaasjejûn Iepenloftspul 2026
Ea komt it wetter It begjinYn 2024 siet in groepke doarpsgenoaten noflik byïnoar op it doarpsfeest,... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 april 2025
Voorbereiding pluktún in volle gang
Volop activiteiten op de Iterstún. Het pluktúngedeelte op de Iterstún wordt voorbereid. De biologisc... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 12 april 2025
Geweldige opkomst bij de filmmiddag georganiseerd door de jeugdsoos
Wende en Yfke, 2 meisjes van de Jeugdsoos van groep 8, hebben een filmmiddag georganiseerd voor de k... Fierder lêze »