It waar kriget de earste priis op de seisde edysje fan it strjitfestival Easterbarren.
Dy selde moarns stie der noch letterlik yn de LC: 'Er kunnen vandaag veel buien vallen, eventueel met onweer en hagel'. Mar de ienige nedige papaplu's wienen de kleurde paraplu's ûnder it nûmer 'It's raining men', op it Harstepaad fan ien fan de streetdancegroepen.

 

waar-earstepriis.jpg

It wie drok. Om fjouwer oere hinne, it hichtepunt fan it festival, moatte der mear dan 6000 minsken yn Eastermar omrûn hawwe. Hjir en dêr slipte de rûte ticht. It wie in barren sa as wy dat wend binne; gjin wanklanken, gjin rare kalamiteiten. It ienige wat in bytsje miste wiene de kleurige en ferklaaide minsken, dy 't foarich jier sa talryk oanwêzich wiene, doe 't it Easterbarren it tema de 70's hie. Mar dat waard ryklik kompensearre troch it sinneskynwaar.


Fan alle barrens yn ús doarp is it Easterbarren dochs wol ien fan de hichtepunten. Der hawwe yn totaal 380 artysten west oer 12 poadia! Soks moat goed organisearre wurde en dat is yn de fertroude hannen fan de Stifting Easterbarren. Dizze stifting hat mei dit slagge festival ôfskied nommen fan ien fan de inisjatyfnimmers fan it Easterbarren; Gepke Hamstra. Gepke ferwachtsje wy oare jier werom, lykwols dan op ien fan de poadia, want sy wol har no op it basgitaar spyljen smite.


It festival wie ien lange oanienskeakeling fan hichtepunten. Te folle om allegear op te neamen mar dochs wat foarbylden. De iepener mei Syb en Wietske wie fansels in hiele moaie binnenkommer. In flotte Rintje Kas krige it publyk goed mei. Dêrnei wie it rûnrinne, stean bliuwe en genietsje mei eagen en earen. Nijkommers op it Easterbarren wiene bygelyks de Heilige Boantsies mei grappige teksten oer Eastermar. Stevige en rauwe blues fan Bogeymen mei de meast entûsjaste drummer fan dizze dei. Hast té gefoelige nûmers fan Roelof Koopmans, klonken oer de Beimastrjitte. Harksankjes mei humor fan Melle Leegstra, alwer in trûbadoer in de tradysje fan fêste gasten Adri de Boer en Gurbe Douwstra. Streetdancegroepen brochten enerzjike shows en yntusken waard it publyk ferrast troch in rige fan strjitartysten dy 't samar yniene opdûke koene.
Bands hiene gauris te koart oan de tweintich minuten foar in optreden. 7-Days koe oan de ein fan de dei flink útpakke yn in wat langer optreden mei flotte, pakkende nûmers en wie dêrtroch in perfekte útsmiter. Foar bern wie der dit jier wer in soad te dwaan, ûnder oaren in skilderworkshop.
En wa 't even rêst oan de earen hawwe woe koe him weromlûke en genietsje fan in tal eksposysjes ferspraad oer de rûte. Skûtsjes mei shantykoaren bliuwe like populêr as altyd, oare jier is der faaks plak foar twa skûtsjes.

En yndie, oare jier is der seker plak, want de Stifting oerweaget yn 2007 'de Komerk', de nije haven en rekreaasjeterrein, yn de rûte op te nimmen. Wat dat oanbelanget kinne wy dan in 'Nautysk Easterbarren' ferwachtsje.

Mear op easterbarren.nl

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: