In grut tal Eastermarders wie nijsgjirrich ôfkaam op de útnûging fan de wurkgroep Soarch yn it doarp (ûnderdiel fan Enerzjyk Eastermar) om in prachtich momint yn de histoary fan Eastermar mei te meitsjen: de iepening fan it nije Mienskipshûs yn de Kjellingen.
De foarsitter fan Enerzjyk Eastermar, Jan Willem Sietsma, sette útein mei moaie wurden oer de suksesfolle skiednis fan Enerzjyk Eastermar, de wei nei it ûntstean fan dit Mienskipshûs én ek de dream fan dûmny Wim Stougie waard nochris oanhelle ("een gemeenschap in verbondenheid waarin iedereen een goede plek heeft en waarin omgekeken wordt naar elkaar").
Wethâlder Tytsy Willemsa fan de gemeente Tytsjerksteradiel neamde yn har speeech Eastermar in foarbyld foar oare doarpen; in komplimint dat Eastermar en fral alle frijwilligers yn de bûse stekke kinne. De wethâlder en Mienskipshûsbehearder Tjitske Zijlstra krigen de eare om it Mienskipshûs yn de Kjellingen dêrnei te iepenjen mei it trochknippen fan in read lint.
Nei de iepening koe eltsenien it gebou binnen, alle rûmtes besjen en fuortendaliks de earste edysje fan de Vitamine Ea merk meimeitsje. In grutte samling fan diskes dêr'tst yn de kunde komme koest mei alle mooglike positive wizen fan oan ‘e slach gean mei dyn sûnens.
Under oare Lokaal Loket sil in protte aktiviteiten organisearje mei bygelyks alle freedtemoarnen meielkoar kofjedrinke yn de gesellige Mienskipskeamer. Mar der sil yn de takomst noch folle mear yn dit Eastermarder Mienskipshûs plakfine!
Iepening Mienskipshûs



















-
- Informatie
- 28 maart 2023
Edou Hamstra yn Omrop Fryslân dokumintêre
De Provinsjale steateferkiezings binne achter de rêch, de útslach bekend. Krekt foar de ferkiezings... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Harmonica Theo op it Breed
Takom sneon sil Theo Stelstra spylje op it Breed. Yn Ljouwert is er ferneamd as Harmonica Theo. Hy i... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Reüny famylje Veltman
Dit binne de pakesizzers fan Simen Veltman, dy’t altyd yn Eastermar wenne hat. Hast alle pakesizzers... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 maart 2023
Wat stimt Eastermar by de Provinsjale Steaten en Wetterskip 2023
0p 15 maart 2023 hawwe de ynwenners fan Eastermar stimme kinnen foar de Provinsjale Steaten en it Wet... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 februari 2023
Overzicht activiteiten Mienskipshûs de Kjellingen
Activiteiten donderdagochtendElke donderdagochtend is er van 10.00-12.00 uur een activiteit in het M... Fierder lêze »