Eastermar is dizze trije dagen wer ien grut doarpsfeest.
Flaggen en feestflachjes kinne wer wapperje. De sinne kin wer skine. It bier kin wer streame. It muzikale talint fan ús doarp kin tongersdeitejûn wer sjonge en spylje. De hynders hawwe sneon wer in plakje op it Breed . De buerten kinne de spultsjestriid wer oangean op freedtemiddei. De âlderein sil wer op 'e kofje by Teake van der Meer, ensfh, ensfh. En fansels is de merke al wer los oan de ein fan de E.M. Beimastrjitte. It folsleine programma stiet hjir.
Wy winskje de feest-, diskemerk-, feemerk- en spultsjekommisje in hiele protte sukses ta! En alle Eastermarders, âld-Eastermarders en oare kunde in hiel noflik feest.
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 juni 2025
Doarpsfeest 2025, de bylden! (update 11)
De fotografen hawwe de hiele (waarme) snein achter de pc sitten om ien en oar te ferwurkjen, mar all... Fierder lêze »