Hjoed waard op de Achterwei it Stekjesnetwurk yn noardeast-Fryslân iepene (in stekje is in sitsje). Op moandei lêstlyn ha wy dêr op dit plak ek al oandacht oan bestege. De oprop oan Eastermarders om dit barren mei te meitsjen hie fertuten dien: it wie in drokte fan belang.
Deputearre Jannewietske de Vries, Doarpsbelangfoarsitter Jan Wind en dêrnei Roelof Koster fan 'Keunstwurk' sprutsen de minsken ta en de Eastermarder doarpsdichteres Martsje Mud hat in prachtgedicht foardroegen dêr't de measten djip fan ûnder de yndruk wienen. Klik op de link en jim kinne der fan meigenietsje.
Meikoarten komt der by Jannes (Tip-Eastermar) in folder te lizzen oer de 'Twaalf Stekjes' dêr't jim alles yn lêze kinne oer de tolve spesjale bankjes yn ús provinsje en de eftergrûn fan dit bysûndere projekt.
Sa is der te lêzen dat sein wurdt dat lang lyn de earste bewenners fan Eastermar fia de Borst (flakby it Stekje) it gebiet binnenkaam binne. Nijsgjirrich...
-
- Informatie
- 05 juni 2023
Tippers wer los yn ‘e TipToko
Mei in ploech fan 18 frijwilligers – de Tippers – start it simmerskoft 2023. Hja beminskje it haveng... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2023
Noch ien moanne...50 jier doarpsfeest!
Noch mar ien moanne, it is hast safier, Eastermar kin begjinne mei ôftellen: in spesjale edysje fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 mei 2023
World Servants
-
- Informatie
- 25 mei 2023
30 jier Kapsalon Joukje!
Trije desennia de fêste stek oan de E.M. Beimastrjitte foar in protte Eastermarders, mar ek út de omk... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 april 2023
Wandelgroep Eastermar