Hjoed wie de earste skoaldei foar de bern fan beide basisskoallen yn Eastermar en ek it pjutteplak gie wer iepen. Dizze dei wie wol hiel spesjaal want alle bern koene no yn ien en itselde nije gebou terjochte: De Kjellingen.
Yn in lawaai-optocht rûnen de bern fan 'e moarn fan harren âlde skoalgebou (de Bolster) of tydlike húsfesting (de Balsemyn en Hummelhof) op it nije gebou ta. Boargemaster Polderman ried yn in VW-kabriolet mei iepen dakje mei yn de optocht en hat dêrnei de skoallokaasjes iepene. Nei alle formaliteiten koene de bern foar it earst harren nije lokaal opsykje.
As it hiele gebou - dus ek de wenningen boppe de skoallen en de oare fassiliteiten - klear binne, sil De Kjellingen offisjeel iepene wurde.
foto's: Harmke Paulides
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 17 april 2020
Nei tulpen wie der no MUZYK yn Eastermar
Tongersdei 16 april 2020 wie der Muzyk yn Eastermar. Organisearre troch frijwilligers fan Lokaal Lok... Fierder lêze »