Alwer foar de njoggende kear waard it hâlden: it jierlikse Beachbarren op it Breed. It spylfjild wie dit jier moai oanpast want de pealtsjes wienen op 'e tiid troch de gemeente fuorthelle. Doe't ek noch fan de faak besprutsen balstiennen in kreas hunebêd makke wie, ûntstie in pracht fan in lokaasje. Neffens de Beachboys hoecht it nea wer oars.
De winners fan de lêste jieren (Okki's, Koeien en Pillen, Wytfean) dienen net mei, dat der wienen kânsen foar de oare ploegen. En dy wienen der folop. Wy moasten ophâlde by 24 teams, oars hienen der grif noch mear meispile. De teams mei soms net út te sprekken nammen (de omropper hie it dreech) spilen op folle krêft. Krekt as wie it gjin 30 graden ûnder in moardzjende sinne.
Yn de 4 poules kamen de teams fan "Smashing Pumpkins", "Doordrukkers" , "by Heech en Leech" en "Grutte Growe Grise Dakdow" as winner út de bus. Om healwei sânen wûn it lêstneamde team de finale, mei de "Doordrukkers" as twadde. Ein fan in moai toernoai. De barbecue fan Otte stie klear, it waar wie noch hieltiid geweldich en it wie noch lang drok op it Breed. Dat is wêr't in doarpsplein krekt foar bedoeld is.
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 08 februari 2022
Afscheid van Herbergh de Parel
Lieve gasten van Herbergh de Parel, Na 8 mooie jaren is er een eind gekomen aan het uitbaten van dez... Fierder lêze »