"Poerbêst iis." "Wat in waar, net juh?" "Och heden, jimme hjir ek." "Ooeee... tink der om!" "Koe net moaier." "Molle, hast ek kroketten?"
Dit binne mar in pear fan de opmerkings by de 'Leien-schaatstoertocht', organisearre troch Iisferiening Eastermar yn 'e mande mei de Leyentochtkommisje Rottefalle. It iis wie yndie fan bysûnder goede kwaliteit en "dat wie fan 'e moarn wol oars", neffens in reedrider dy't hjoed ek de tocht byTerherne riden hie.
Moandeitejûn waard pas besluten om de Leientocht te organisearjen. Doe moast der noch hiel wat barre, ek al wiene de draaiboeken fansels wol klear. Mar tanksei de gearwurking tusken de Rottefalle en Eastermar hiene wy der samar ynienen in Leienbarren by. Mar in lijen wie it dit kear absolút net. Hiel wat minsken (± 800) hawwe ien of mear rûntsjes fan 6 km makke. By it paviljoen wie de start. Oan de Eastermarder kant wie in stimpelpost én in koek-en-zopie, fersoarge troch de famylje Heidbuurt. Wa't minimaal ien rûntjse makke krige in pracht medalje en in iismûtse deropta. It wie in aardichheid op samar in woansdei yn febrewaris.
-
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 18 februari 2025
Eastermar is...