It sit der wer op. De 31-ste fjouwerjûnekuier fan Eastermar. En wat foar ien! Somtiden tocht men by jinsels: no bin ik hjir hikke en tein en dochs bin der noch plakken dêr't ik noch nea west haw! Je rinne net alle dagen by Bergsma oer't hiem fansels. En nei de iepening fan it Kroesepaed ha'k it besocht en rin der ris lâns, mar nei it earste brechje moast ik werom om ljisklearzens te heljen. En dy ha'k net dus dêr is 't doe by bleaun... Mar wat in prachtige rûte op dy tongersdei.
Miskien wat lêstich mei in buggy of in bernewein. En de gedachte: 'in kear meane wie net ferkeard...' koe'k net útbanne. Mar wat wol je: de organisaasje hat spesjaal frijstelling krige om sa tsjin de ein fan it broedseizoen der del rinne te meien ! Ja, flora en fauna binne tige wichtich, dus wat seure we no. Mei bleate skonken wat skraskes en skramkes oprinne fan dy #*$ distels en it profyl fan de soallen opfolje mei wat skieppe-oantinkens. Ach, dat slyt der op it asfalt wol wer ôf.
De freeds de lêste tocht: medaljedei. 'De paden op, de lanen in' en wat in drokte! Alle frijwilligers in spjeldsje op as oantinken en wat wiene se der grutsk op! Wat in feest om achter sa'n drumband (fan Wergea) oan te rinnen. Fiif, tsien of fyftjin kilometer, blierren of net, wurch of net, je begongen hast per ûngelok te dûnsjen. Medalje of deispjeldsje ynkassearje en dan op hûs oan. Je kinne allinne mar hoopje dat it takom jier wer sa gean sil...!
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 25 april 2022
Keningsdei 2022: feestje !