Freedtejûn 15 july. It is rêstich waar en de sinne skynt. In moaie rêstige simmerjûn. Mar oan it Waltsje is it in drokte fan komsa. Sipke de Vries organisearre foar de bern in fiskwedstryd. Ferline jier reinde it dat it spielde en wie it ien grut wetterballet. No wiene de omstannichheden ideaal. Om sân oere presys jout Sipke troch de megafoan it startsein. Wa’t de measte sentimeters fisk yn totaal fangt dy is winner. De prizen binne beskikber steld troch Sjouke en Sippie Wijnsma fan Alles ûnder ien dak. De bern (de ien al wat mear as de oare) lizze der plat foar. In protte heiten helpe mei om de bôle of de maitsen oan de heak te dwaan. Of om de fongen fisk wer fan de heak te heljen. “Heit duorret it noch lang?”, sa klinkt al nei 10 minuten de earste fraach fan in fiskerke oan heit dy’t de angel fêsthâld. “Wit ik net”, seit heit. “Wy moatte geduld hawwe”. Sa no en dan giet der in gjalp oer it Waltsje. “Jaaahh hjirre!” Dan wurdt der ien fongen. It binne dizze jûn gjin grauwe fisken, in protte lytskes wurde fongen. Mar it giet om it totaal oantal sentimeters. Der is ek efkes tiid foar in lytse pauze, der wurde ranje en sjips útdield.
De winners dizze jûn binne:
1. Albert van der Woude mei 63 sentimeter
2. Fokke Sjoerd mei 46 sentimeter
3. Johannes de Vries mei 36,5 sentimeter
4. Jakob Zijlstra 15 sentimeter
5. Nanique Stienstra mei 12 sentimeter
Winners jeugd o/m 14 jier
1. Wichard Benedictus mei 31 sentimeter
2. Piet Hogendorp mei 30,5 sentimeter
3. Sietske Bijlsma mei 19,5 sentimeter
-
- Informatie
- 29 maart 2023
Iterstún Eastermar
In de week van 20 -25 maart is begonnen met het planten in de Iterstún fan en foar it doarp. De kind... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Edou Hamstra yn Omrop Fryslân dokumintêre
De Provinsjale Steateferkiezings binne achter de rêch, de útslach bekend. Krekt foar de ferkiezings... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Harmonica Theo op it Breed
Takom sneon sil Theo Stelstra spylje op it Breed. Yn Ljouwert is er ferneamd as Harmonica Theo. Hy i... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Reüny famylje Veltman
Dit binne de pakesizzers fan Simen Veltman, dy’t altyd yn Eastermar wenne hat. Hast alle pakesizzers... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 21 februari 2023
pop-up Restaurant ‘t Stationnetje is op zoek naar jou!
Ben jij tussen de 14-28 jaar & lijkt het jou leuk om te leren koken & een restaurant op te zetten? D... Fierder lêze »