Eastermar koe foar de bern yn de simmerfakânsje wolris in hiel aardige aktiviteit op tou set ha, want likernôch 25 jonge dielnimmers hawwe hjoed meidien oan de fiskwedstriid yn it Wâltsje. Mei wat mear publisiteit by de campings en op oare toeristeferbliuwen yn de omkriten, koe dizze ferdivedaasje foar hiel wat bern, toeristen en ynwenners wolris útgroeie ta in jûn om nei út te sjen!

De fiskwedstriid wie in inisjatyf fan Sipke de Jong fan it Wâltsje. Dy fûn al gau in sponsor yn de eigners fan 'Alles ûnder ien dak'. En sadwaande wienen der samar aardige prizen te winnen. Dielnimmerkes moasten sels foar fiskark en ies soargje.

Image

De útslach:

oant en mei 9 jier:

  1. Martine
  2. Maikel
  3. Marieke

10 oant en mei 16 jier:

  1. Niels
  2. Sierd Willem
  3. Dennis

Yn totaal binne der yn ien oere sa'n 20 fisken fongen.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: