IMG 20220331 WA0028

Teplak

Tongersdei 3 maart… appke fan Jan Bijlsma... fraach fan Rienk Brouwer:  kinne wy as tsjerke fan Eastermar yn gearwurking mei Jistrum en Bûtenpost ek helpe mei in ynsammeling fan ‘Hulpgoederen’ foar de flechtlingen út Oekraïne?
It berjocht gelyk trochstjoerd nei de Diaconie, mar dêr moast it earst noch goedkard wurde, sa giet soks, mar dat duorret te lang. Dêrom trochstjoerd nei de groepsapp 'Krystingelprojekt’: sis froulju, is dit wat foar ús of helje wy ús te folle wurk op de hals? En dy froulju stiene samar oan! Aksje! Jawis… dogge we!
Opslach? Bouwe de Jong? En ja hear, dy wie ek samar om! Romte beskiber.
Dan hjir en dêr noch wat bekendheid jaan ûnder de minsken en dat wie eins ek samar klear. Sa koene wy de dei dêrop, 4 maart, al los.

Wat in aksje; it earste guod waard brocht en dat gong de 2 wiken dêrnei troch en hoe… alderraarst, wat waard der wat ynbrocht, ek fan omlizzende doarpen kaam help.
Op it Wytfean en de Rottefalle koe men guod ynbringe, de tsjerke fan Drachten brocht in fracht guod. Eins alles wat der op it listje fan Stichting Mensenkinderen stie kaam binnen: heaters (ferwaarmingsapparaten), iten, matrassen, pampers, hygiëneprodukten en neam mar op. Mar dêrneist ek noch in pear hûndert euro oan donaasjes, dy't wy omset hawwe yn iten en foar in part oermakke hawwe nei Stichting Mensenkinderen om de ûnkosten fan it transport mei te beteljen.

Op saterdei 19 maart is alles mei help fan in soad frijwilligers op pallets set foar transport en op 22 maart is de hiele hannel nei Drachten gien dêr’t alles, ek fan de oare  doarpen, ferdield is oer 4 frachtweinen. Mei ek noch in pear kúb ierpels en sipels fan in bouboer!
It lytste, mar miskien wol it meast weardefolle dat meigiet yn de fracht, is in doaske post fan de learlingen fan 'de Twirre', spesjaal bedoeld foar de flechtlingen, mei bemoedigjende teksten. Gelok sit meast yn lytse dingen...

Op snein 27 maart om 10 oer hinne binne de 4 sjauffeurs fertrokken, reisdoel Moldavië. Yn dit earmoedige lân wurde sa'n 200.000 Oekraïense flechtlingen ferwachte.
Dêr binne ‘hulpgoederen’ mear as wolkom, alles yn gearwurking mei Stichting Mensenkinderen, dy't dêr minsken yn it wurkfjild hat.
En we kinne sizze dat de 4 manlju teplak binne, in dei letter as ferwachte, hja moasten noch 6 oeren wachtsje by de grinsoergong, mar der koe dan dochs einlings yn Moldavië lost wurde. Hjoed it lêste adres fan de 8 plakken/tsjerkjes dêr’t lost wurde sil.

De bernepost is oerhandige troch ien fan de sjauffeurs dy't der de hiele reis goed op past hat. Wy binne sels troch ien fan de sjauffeurs op de hichte hâlden fan harren reis. Ien fan de manlju neamt it in ‘bijzondere, dankbare gebeurtenis'.
Foar elkenien dy’t op hokker wize dan ek wat bydroegen hat, tige tank! Wêr’t in lyts doarp grut yn is.

No wolle wy as lêste noch in fotoferslach mei jim diele en, net te ferjitten, de hoop útsprekke dat de 4 helden dy’t ûnderweis binne, feilich thúskomme meie.

Ingeleprojekt Eastermar

IMG 20220310 WA0006

IMG 20220319 WA0012 kopie

IMG 20220324 WA0001

IMG 20220330 WA0006

IMG 20220331 WA0021

IMG 20220331 WA0022

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: