De Hûnekop iepent it Easterbarren (Foto Saskia van den Berg)
Wy skriuwe ‘the day after’. It Breed leit der al wer skjin en oanfage by. De poadia binne wer leech. Edysje 2024 wie ien grutte happening mei foar elts optredens dy’t de muoite wurdich wiene om te sjen, om mei te meitsjen of om pikefel fan te krijen. “Op in skûtsje én yn in (teater)bus sitte op ien deselde dei, dat haw ik noch nea earder meimakke”, spruts in besiker mei in laits.
Hawar, de Easterbarrentrein dindert al jierren troch, mei elts jier wer nije ferbetterpuntsjes en dinkjes om út te probearjen. De formule bliuwt lykwols izersterk en dat hat it publyk freedtejûn (de preparty) en de sneon wer ûnderfine kinnen. It poadium op de Komerk hat no in definityf plakje op de rûte krigen. De freedtejûn krige in spesjaal tintsje omdat dit tagelyk ek de slútjûn wie fan de tige slagge Bloeiwike. Aardich om te sjen dat der in protte jeugd op de optredens fan Noami Land, Solid Groove, Seispack en V.E.N.N.E.R. ôfkamen. En der wie sels in iepeningsact fan de Marko’s troch it doarp!
De teaterbus fan Folkert Wesseling en Adri de Boer (Foto Saskia van den Berg)
Op sneon like it even of wie der in oare iepeningsact dan yn it programma fermeld stie. Der wie in auto yn’t wetter rekke op ‘e Snakkerbuorren. Op himsels in sneu ferhaal foar de eigener, dus nee, wy toane gjin bylden. Mar foar de beide plysjes en de man fan de takelwein, dy’t ûnder grutte belangstelling de auto wer boppe wetter krigen, wie der nei ôfrin in grut applaus. De mannen fielden de situaasje goed oan en makken dêrom mei har trijen in kreaze bûging nei it publyk.
En doe wie it tiid foar de wiere iepening en hoe! De mannen fan de Hûnekop hiene der nocht oan en de wiere fans koene harren hert ophelje. Dêrnei koe it swalkjen troch Eastermar úteinsette. Jierrenlang is besocht om dweilorkest de Feintsjes nei Eastermar te krijen en dit jier is dat slagge, super! “Don’t stop my now”, in nûmer fan de The Dutch Queen Tribute Band wie ek ien fan de hichtepunten. It koe it tema fan dizze edysje wol wêze, want de muzyk dindere mar troch mei V.E.N.N.E.R. en Compromise op it Breed der fuort efteroan.
Applaus foar The Dutch Queen Tribute Band
Alle hichtepunten neame, dat is eins te dwaan. Mar wol de kompleminten foar de organisaasje, geweldich dien, minsken! En dit moat even sein wurde; in petsje ôf foar de minsken fan Breedsicht. Nettsjinsteande dat it pân te keap stiet, wie it terras iepen, streamde it bier as fanâlds út de taap en wie de betsjinning wer like entûsjast as altyd. Top!
Eastermar wie wer twa dagen it sintrum fan de wrâld. Wêr ‘t in lyts doarp grut in wêze kin. Wat wer in geweldige ôfsluter fan de simmer!
Foto's weromsjen:
- De preparty freedtejûn en ôfsluting fan de Bloeiwike (Foto's Albert Bakker)
- De iepening fan de Hûnekop en oare foto's (Foto's Saskia van den Berg)
- Foto's fan it Easterbarren (Foto's Albert Bakker)
- Bylden fan EastermarTV (Lars Hoekstra)
-
- Informatie
- 18 april 2025
Pop-up camping tijdens Ea Bloeiwike
Pop De leukste en voordeligste vakantie vier je in eigen dorp tijdens de EaBloeiwike (16 – 23 aug)op... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
De Bus MEIVAKANTIE tour komt op 23 april in Eastermar
Beste ouders! Tijdens de meivakantie volgende week organiseert het jongerenwerk weer een bustour! Dit... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
Utnûging ynformaasjejûn Iepenloftspul 2026
Ea komt it wetter It begjinYn 2024 siet in groepke doarpsgenoaten noflik byïnoar op it doarpsfeest,... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 april 2025
Voorbereiding pluktún in volle gang
Volop activiteiten op de Iterstún. Het pluktúngedeelte op de Iterstún wordt voorbereid. De biologisc... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 13 april 2025
De Marko’s starten met twirling- en majorettelessen in Eastermar
Goed nieuws voor iedereen die van dans, ritme en showelementen houdt: vanaf vrijdag 25 april starten... Fierder lêze »