In wat minder drok, mar net minder gesellich Easterbarren!
Ôfrûne saterdei waard yn Eastermar de 16e edysje hâlden fan it strjit- en muzykfestival Easterbarren. By de iepening, middeis om 14.30 oere op it Breed, wienen der dúdlik minder minsken as foarige kearen, mar yn de rin fan de middei luts dat aardich by. Alles by elkoar waard de opkomst dochs wol wer rûsd op sa’n 5000 minsken. By it jûnsprogramma mei de pleatslike band Compromise en de coverbands Why Not en The Cube wie de belangstelling en gesellichheid seker net minder as oars.
It waar spile it Easterbarren osa yn de kaart. Noflike temperatueren, de sinne, in bytsje wyn. Middeis om 18.00 oere hinne kaam in donkerdriigjende loft opsetten, mar de bui ferwaaide. It lêste stikje fan it jûnsprogramma joech de natoer in gratis ljochtshow wei yn de foarm fan bliksem troch opkommende tonger. Mar der wie noch moai tiid om ek it haadpoadium op te romjen ear’t de plensbuien om healwei tolven echt losbrieken boppe Eastermar.
De organisaasje mocht wer in protte kompliminten krije fan minsken dy’t in skitterjende middei/jûn hân hienen.
Twa fan’e teateracts op it Easterbarren:
Trollen fan HympHamp Theater en Folkert Wesseling as bussjauffeur.
-
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 mei 2022
Preamsilen op de Mar
Klik hjir foar de flyer Op saterdei 3 septimber 2022 sil de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan fers... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze »