Byldferslaggen:
- Byldferslach Doarpsontbijt (foto's Elly van Holsteijn) >>
- Byldferslach Kinderdisco (foto's Saskia van den Berg) >>
- Byldferslach Cabaret (foto's Albert Bakker)
- Byldferslach Spultsjes (foto's Saskia van den Berg) >>
- Byldferslach Fyts 'm der yn (foto's: Saska van den Berg) >>
- Byldferslach Folklorische dans met Aald Hielpen (foto's Albert Bakker)
- Byldferslach Vrijdagavond Papa di Grazzi (foto's Albert Bakker)
- Byldferslach Zaterdagavond PROOST (foto's Albert Bakker)
- Byldferslach Sigaarsmoken (foto's Saskia van den Berg)
- Byldferslach Feemerk en diskemerk (foto's Saskia van den Berg)
- Byldferslach Kermis (foto's Saska van den Berg)
- Byldferslach Spultsjes en Fyts 'm der yn (foto's Jan Kooistra)
- Byldferslach sneontemiddei (foto's Saska van den Berg)
- Byldferslach Spultsjes en Fyt 'm der yn (foto's Freke Wink)
In dei earder as gewoan is it Eastermarder doarpsfeest úteinset mei de wrâldkampioenskippen fuotbal op 'e Burgerkamp. Guon buertferienings hiene wol twa of trije tiims op it fjild en allegear ferklaaid. It wie in earste hichtepunt fan dit bysûndere barren en Japan/it Heechsân wie nei in spannende finale winner.
In protte minsken seagen út nei it kabaret op tongersdeitejûn, de tinte siet 'nokkie nokkie' fol. Letkommers moasten stean. Tout Eastermar koe net wachtsje foar de kabaretploech úteinsette soe, mar earst wie der omtinken foar de mannen dy't 50 jier lyn it inisjatyf nommen hawwe foar wat no in fêste tradysje is op it lêste wykein fan juny: Tsjip de Vries, Tabe van Dekken, Dries Wagenaar, Doede Veeman, Koos Benedictus † en Lieuwe Zijlstra. In bysûnder momint, de mannen krigen in spesjaal makke, glêzen bokaal kado.
Dêrnei wie regisseur Sjoerd Blom en de kabaretploech oan bar en fermakken it publyk twa oeren lang mei hilaryske stikjes en prachtige lieten. Fansels wiene guon Eastermarders âlderwetsk de klos, de persiflaazjes wiene bysûnder treffend. "Ik haw my fernield", wie it kommentaar fan ien fan de besikers. Nei 22.00 oere waard it tiid foar feest, bier, DJ Repke en de Sjonnies.
Mar wy binne der noch net! Freed en sneon komme der noch folle mear hichtepunten dêr't jo by wêze moatte. En ferjit net om in rûntsje (op 'e fyts) troch doarp en omkriten te meitsjen, want de buertfoarstellings - tema: lannen fan 'e wrâld - binne dit jier fan útsûnderlike kwaliteit en mei in protte humor betocht en makke.
De fotografen fan eastermar.nl swalkje dizze dagen wer om en meitsje byldferslaggen fan alle hichtepunten.
De linkjes nei dizze byldferslaggen stean boppe-oan dit artikel.
Ek Eastermar.TV is drok dwaande om mei bysûnder grappige filmkes ferslach te dwaan fan alle barrens op it doarpsfeest.
Alle kommisjes tige tank foar al it wurk om fan 50 jier Eastermarder doarpsfeest in hichtepunt te meitsjen!
In hiele protte wille tawinske!
De kabaretploech, foto Albert Bakker
Doarpsontbijt, foto Elly van Holsteijn
Kinderdisco, foto Saskia van den Berg
Problemen mei de publikaasje fan in foto? Mail de webmaster mei de rubryk en de bestandsnamme fan de foto (stiet ûnder eltse foto yn in byldferslach).
-
- Informatie
- 08 november 2024
Friese rijders in Eastermar
De Friese rijders zijn sinds het uitbreken van de oorlog in Oekraïne actief om hulpgoederen te verza... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Waarneming huisarts
Beste patiënten, We hebben een roerige tijd achter de rug, doordat dokter Wiersema begin oktober onv... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Webshop ‘Stichting It Eastermarder Skûtsje’
Beste liefhebbers van ons machtig mooie dorpsskûtsje. Een tijdje terug hebben wij onze gloednieuwe w... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 01 juli 2024
Uitslag verloting skûtsje 'de Broekophâlder'