Saterdei 23 juny wie it wer safier: it Breed wie troch ús haadsponsor Brouwer en Brouwer folstoart met sân, de netten wienen strak spand en op de terrassen fan Raymundo en Eddy doarpsgenoaten yn strakke sportklean. It Beachbarren soe wer begjinne.bea
Foar de hoefolste kear alwer? Wy moasten rekkenje. Yn de simmer fan 2000 hat de OVE it organisearre, dêrnei in jier neat en dêrnei hawwe wy, de Beachboys, it oppakt. Fan 2002 ôf alle jieren en dus no foar de 17e kear. En alle jieren - mei 20 of mear tiims - wer in sukses. Yn al dy jierren ha wy mar ien kear min waar hân, doe is it barren nei de hal fan Couperus ferpleatst. En dit jier ek wer hiel apart: rein op tongersdei, freed en snein. En krekt op it Beachbarren drûch. Wat sis ik? Folop sinne.
Der is wol wat feroare en dat is de opkomst fan de jeugd! Dit jier net minder as 12 jeugdtiims mei de meast moaie nammen en noch moaiere shirts. En dernjonken fansels de tiims dy’t soms al fan it begjin ôf alle jieren meidogge. Nei spannende wedstriden yn de poules wienen it op it lêst de (jeugd)tiims fan Eastermasters en Bella Ciao dy’t it yn de finale tsjinelkoar opnamen. Op heech nivo: der waard sein dat hja al tiden traind hienen en dat wie te sjen. Krekt as ferline jier pakten de Eastermasters de earste priis en dêrmei de taart.
Tank dat jimme meidienen en meitsje jimme mar klear foar it Beachbarren 2019.
De Beachboys: Cor, Hans, Molle en Oebele
Klik hier voor een fotoreportage
-
- Informatie
- 17 januari 2025
Marnijs editie 47 tot en met 51
Reeds verschenen nummers van Dorpskrant Marnijs zijn digitaal via deze website te downloaden in PDF... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 januari 2025
Verkeersveiligheid in en rondom Eastermar
Al eerder is er aandacht besteed aan de verkeersveiligheid in en rondom Eastermar. In augustus 2023... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 januari 2025
Eastermar is...
...oan 'e Achterwei in oansteand (kryst)beammebosk riker?It begjin is der! Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF
-
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze »