It sân lei wer klear. De netten op hichte. 20 teams wiene der. En sa koe om twa oere it spektakel wer begjinne. Fokje rôp de teams op en de skiedsrjochters fluiten foar it begjin. It waar wie net hiel moai mar it wie sawat de hiele middei droech. Dus prima foar de spilers en it publyk. Gjin wanklank wie der. Elts wie fûleindich dwaande en it plesier stie foarop. Acht teams giene oer nei de kwartfinales en nei in spannende striid stiene de Okki’s en Krekt Wol yn de finale. It waard tige spannend. Mar de jeugd wûn it en sa is Krekt Wol winner fan 2014 wurden. Anneke Bergsma, Sytske Bergsma, Ruurd Hoeksma en Chris Elverdink spilen de hiele dei rêstich mar wol hiel goed. De beide mannen hiene tasein om, as se wûnen, moandeitejûn te helpen it sân wer op te rûmjen. Wy hoopje dat der dan ek wer mear binne, want wy kinne dan wol wat help brûke. Graach in feger of in bots meinimme. Alle skiedsrjochters en ek de EHBO-ers bedankt foar jim ynset. En natuerlik Simon foar de muzyk. It wie wer in tige slagge barren. Oant it oare jier.
De beachboys
-
- Informatie
- 28 mei 2023
Noch ien moanne...50 jier doarpsfeest!
Noch mar ien moanne, it is hast safier, Eastermar kin begjinne mei ôftellen: in spesjale edysje fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 mei 2023
World Servants
-
- Informatie
- 25 mei 2023
30 jier Kapsalon Joukje!
Trije desennia de fêste stek oan de E.M. Beimastrjitte foar in protte Eastermarders, mar ek út de omk... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 mei 2023
VV Eastermar kampioen / zaterdag kampioensfeest!
VV Eastermar is kampioen geworden en dat willen we graag met jullie vieren op zaterdag 27 mei vanaf... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 27 april 2023
Eastermar is...
...kleedjesmarkt op it Breed! Dit jaar georganiseerd door de Beima buurtvereniging. Fierder lêze »