Saterdei waard foar de 12e kear (de earste kear organisearre troch de OVE, dêrnei troch de ferneamde Beachboys) it jierlikse Beachvolleybaltoernoai hâlden.
Dat betsjut dat it Breed troch de mannen van B&B folgoaid is mei sân, dat der trije fjilden opset binne en dat 24 teams foar de wille en de prestaasje gean. Mei prachtige ploechnammen mei as topper 'Set's on the Beach'. En ek mei wer in soad frijwilligers!
Der wie in grut tal taskôgers en dy koene sjen dat der ek in soad jeugdteams wiene, mar ek dat it yn alle fjouwer poules tige spannend wie wa't trochgean mocht nei de heale finales. Lang om let wiene dat de Buorlju, de Pico Bello BV, de Outsiders en Hoe's 't mooglik. It wie yn de finale it team fan Hoe's 't mooglik dat, nei in tûke transfer wêrby't de jonge froulju ferfongen waarden troch de memmen fan de manlike spilers, mei de earste priis nei hûs gie. Pico Bello waard twadde.
Nei it treflike buffet fan Otte wie it noch lang drok yn kafee it Breed mar ek yn de krekt iepene Parel.
Kommend jier wer in Beachbarren. Jimme kinne yn training!
De Beachboys misse in blau/wyt/giele volleybal. Graach by Cor Brouwer bringe !!
Klik hjir foar it byldferslach troch Albert Bakker
Klik hjir foar in YouTube filmke.
-
- Informatie
- 05 juli 2022
Toekenning subsidie aan Mienskipshûs Eastermar is rond!
In een vorig artikel op deze site zijn de plannen voor het Mienskipshûs in de Kjellingen al uitgebre... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
De sigaar
Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjong... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
Eastermar is...
...it fertroude Eastermarder blau en giel, mar mei in oare betsjutting. Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 juni 2022
Expeditie FCJT
Expeditie Robinson Wanneer: Zaterdag 17 september 2022 Tijd: van 14.00 uur tot 16.30 uur (2,5 uur pro... Fierder lêze »