Nei tsien jier fan ideeën en winsken opperjen, praten, oerlis mei gemeente en omwenjenden en fergaderjen hat op sneon 22 augustus 2015 it slútstik plakfûn: de iepening fan it renovearre doarpsplein it Breed. Acht jier nei de iepening fan Rekreaasjeterrein de Komerk yn 2007 hie Eastermar yn it ramt fan doarpsfernijing wer in reden om een feestje te bouwen. En in feest, dat wie it!
Doarpsbelangfoarsitter Wilma de Vries iepene de festiviteiten en 'streetdancers' ûnder lieding fan Froukje Schotanus brochten in prachtige foarstelling op it sân dêr't it doarpsplein fanwege it 'Beachbarren' mei bedutsen wie.
Jan Wind, foarsitter fan de wurkgroep it Breed, seach dêrnei werom op dy tsien jier fan plannen meitsjen. Dizze wurkgroep is faak fan gearstalling feroare mar der is ien man dy’t it al dy tsien jier folhâlden hat, sa ferklearre Jan Wind. En dat is de man dy't as earste op in doarpsbelanggearkomste de winsken fan it doarp yn in tekening presintearre. De man dy’t doe al ideeën hie oer in ferpleatsber poadium. En de man dy’t it ôfrûne jier mei in technysk each der boppe-op siet om ien en oar foarinoar te krijen. En dan benammen wat it nije moetingsplak ûnder de kastanjebeam oanbelanget. Alle reden dus om Wopke Wobbes yn it sintsje te setten.
De eare om it renovearre plein en it moetingsplak/de pleintafel te iepenjen kaam wethâlder Houkje Rijpstra ta. Yn har iepeningswurd neamde sy Eastermar as geweldich foarbyld foar oare doarpen yn Tytsjerksteradiel wat boargerpartisipaasje en inisjativen fanút de ynwenners sels oanbelanget. Dêrnei ûntbleaten Houkje Rijpstra mei har kollega-wethâlder Geerling Schippers in ynformaasjeboerd neist de pleintafel. Op dit boerd is fan alles te lêzen en te sjen oer de skiednis fan ien fan de moaiste plakjes yn Eastermar: de kop fan it Wâltsje. Mar ek it hoe en wêrom fan de pleintafel fan 4 by 8 meter en de symboalyk dy’t yn it ûntwerp fan Rienk Vlieger ferwurke is. Ek is op it ynfoboerd de nije namme fan it moetingsplak te lêzen: it Wâlhout.
En neist de Ferhalekeamer en de gevelstien hat Dam Jaarsma no permanint omtinken krigen mei it gedicht Neisimmerdei to Eastermar ferwurke yn ‘e râne fan ‘e tafel en syn samling bynammen dy't oanbrocht binne yn de ferskobere siteleminten.
Mei in gleske bubbels en live-muzyk fan de band Compromise, al wer in foarbyld fan talint út eigen doarp, waard de iepening ôfsluten.
Eastermar kin grutsk wêze op syn nije Breed mei in multyfunksjoneel karakter. Dêr't net it autoblik mar de minske it sintrale plak ynnimt.
-
- Informatie
- 05 juli 2022
Toekenning subsidie aan Mienskipshûs Eastermar is rond!
In een vorig artikel op deze site zijn de plannen voor het Mienskipshûs in de Kjellingen al uitgebre... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
De sigaar
Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjong... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
Eastermar is...
...it fertroude Eastermarder blau en giel, mar mei in oare betsjutting. Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 juni 2022
Expeditie FCJT
Expeditie Robinson Wanneer: Zaterdag 17 september 2022 Tijd: van 14.00 uur tot 16.30 uur (2,5 uur pro... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 juni 2022
Ein fan in tiidrek... feemerkmaster Jan Atsma stoppet dermei
Sa lang't der yn Eastermar in feemerk west hat, wie Jan Atsma derby. Krapoan 50 jier lyn begûn it al... Fierder lêze »