In oantal jierren lyn like it net bêst mei de karakteristike linebeammen oan Beimastrjitte/ Wâltsje: de beammen waarden bedrige troch de lineminearmot (Cameraria ohridella).
De larven fan dat miniflinterke libje yn lineblêden en frette it blêdweefsel op sadat de linebeammen foar de hjerst al sa goed as keal wienen. Amtners fan de gemeentlike ôfdieling MBB (miljeu, bouwen en behear) ha destiids de beammen troch in spesjalisearre bedriuw bespuite litten en fan guon beammen binne de woartels byholpen. Der binne doe ek in pear ‘oan bannen lein’ sadat der net ien omfalle soe.
De lêste twa jier lykje de linebeammen wer ynoarder te wêzen. Dat wurdt ek meld troch de oanwenners fan de Beimastrjitte. Neffens de ôfdieling MBB is dat lykwols net it gefal en sil it behâld fan de linebeammen liede ta grutte ûnkosten. Om’t beammen mei in omtrek fan minder as 75 sentimeter - metten op in hichte fan 1.30 meter – neffens de regels sûnder melding of fergunning rûge wurde meie, sil dat kappen meikoarten plakfine.
Ien fan de oanwenners hat by de gemeente protest oantekene: de beammen binne dikker en der mei yn it ramt fan de Faunawet nei 15 maart net mear kapt wurde, mar hy krige gjin hâld. Om’t er de beskikking hat oer professioneel ark, wol de Eastermarder (dy’t logyskerwize leaver net mei namme neamd wurde wol) de omfang fan alle linebeammen registrearje en letter dy list, ûndertekene troch de oanwenjenden fan Beimastrjitte, Wâltsje en oare belanghawwende Eastermarders, oanbiede oan de gemeente.
Om’t yn it wykein de measte minsken thús binne, sil de mjitterij kommende snein nei tsjerketiid plakfine. Wa’t de karakteristike beammen net kwyt wol, is dan fan herte wolkom om mei te ûndertekenjen. De mjitterij begjint om 11.15 oere oan de kant fan it Breed.
De inisjatyfnimmers
-
- Informatie
- 19 maart 2023
Wat stimt Eastermar by de Provinsjale Steaten en Wetterskip 2023
0p 15 maart 2023 hawwe de ynwenners fan Eastermar stimme kinnen foar de Provinsjale Steaten en it Wet... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 maart 2023
Fanfare Joost Wiersma brengt 22 maart de lente bij u thuis
Woensdag 22 maart komen we weer bij u langs met diverse kleuren viooltjes. We hopen u te kunnen vera... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Verslag van de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed
Vrijdag 10 maart was de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed. Ondanks de hevige sneeuwval was er een goe... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 maart 2023
Kwaliteit Leien Wetter
Kwaliteit Leien Wetter, 27 maart 2023 In Doarpshûs Ora et Labora op de Tike staat deze avond de aanp... Fierder lêze »