Lang om let is men der út: de Komerk wurdt asfaltearre.
Dit is it resultaat fan oerlis tusken Stifting de Komerk, Doarpsbelang en de gemeente.
It idee is net nij, mar troch de ûnderfinings mei de wetterhúshâlding, it fol- en leechrinne litten fan de iisbaan, problemen mei de drainaazje, ensfh. hat men besluten dat asfaltearje dochs wol dé oplossing is.
Dêrmei is in nije skeelerbaan foar Eastermar in feit en kin der wer in nij barren oan de rige taheakke wurde, want foar skeelerwedstriden is de Komerk aanst ideaal.
Ek komme der ekstra fasiliteiten foar campers sadat, neist de boatsjeminsken, ek dizze toeristen genietsje kinne fan ús moaie doarp.
Foardiel is ek dat de iisbaan winters earder beskikber wêze sil, want it wetter hoecht minder heech te stean sadat de baan gauwer beferzen is.
Wol sil der in hoeke gers oerbliuwe foar frije rekreaasje hat de gemeente tasein. Dêrmei wie it beswier fan Doarpsbelang tsjin it plan fan tafel.
Takom tongersdei 1 april sil Brouwer & Brouwer mei it wurk út ein sette.
-
- Informatie
- 29 maart 2023
Iterstún Eastermar
In de week van 20 -25 maart is begonnen met het planten in de Iterstún fan en foar it doarp. De kind... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Edou Hamstra yn Omrop Fryslân dokumintêre
De Provinsjale Steateferkiezings binne achter de rêch, de útslach bekend. Krekt foar de ferkiezings... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Harmonica Theo op it Breed
Takom sneon sil Theo Stelstra spylje op it Breed. Yn Ljouwert is er ferneamd as Harmonica Theo. Hy i... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2023
Reüny famylje Veltman
Dit binne de pakesizzers fan Simen Veltman, dy’t altyd yn Eastermar wenne hat. Hast alle pakesizzers... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 03 mei 2021
Hoe’t de Beimabuert-pubkwis hilarysk einige
Doarpshumor achter it byldskerm De Beimabuertferiening hie op 29 april in online pubkwis organisearr... Fierder lêze »