Takom wike sil it in spannende tiid wurde foar de Eastermarder oaljekoekebakkers want dan sil, lyk as alle jierren, EA.nl de útslach fan de Eastermarder oaljekoektest publisearje.Oaljekoekeleafhawwers út Eastermar en omkriten sjogge al dagen út nei dizze test en binne tige benijd wa’t dizze kear it predikaat Dikke, Fette Eastermarder Tút winne sil.
Ek dit jier binne der wer trije partijen dy’t meidogge: de oaljekoeken fan 'Alles ûnder ien Dak', de PKN-tsjerke en muzykferiening Joost Wiersma sille test wurde op rook, smaak, knapperichheid, tal krinten, plakfingers en efterbliuwende fetplakken. Al jierren wurde de oaljekoeken folslein anonym opkocht yn de wike foar âldjier troch Wijbe P, dy’t dizze taak hiel serieus nimt.
De test sels sil barre yn de publike rûmte fan de Hege Stins, want neffens de sjuery hawwe se neat te ferbergjen.Tafersjoch sil hâlden wurde troch âld-plysjeman Nico H.
Foarsitter en iennich en ûnôfhinklik sjuerylid Sjouke W. seit dat alles hiel earlik en iepen barre sil. "Alle oaljekoeken krije in koade en ik krij troch Nico in blyndoek om ‘e holle bûn." Dat Sjouke W. in relaasje hat mei de winkel fan 'Alles ûnder ien Dak' docht yn dit fermidden net ta de saak, leit de sjuery foar alle dúdlikens út. It is ommes in bline test.
EA.nl, dy’t al jierren ûnderfining hat mei de publikaasje fan dizze test, meldt dat de sjuery sels net de útslach fan de test opskriuwe sil omdat de hear Sjouke W. no ien kear de tik hat om alles op rym te setten. "En dêr sitte ús lêzers net op te wachtsjen. Us eigen resinsint Wim S. sil de útslach ynterpretearje en der in moaie omskriuwing fan meitsje." "En wy binne gjin kriminelen", aldus haadredakteur Annet D. fan EA.nl, "alles sil ferrinne sa’t it heart".
EA.nl hat leard fan de flaters dy’t konkurrint AD.nl yn it ferline makke hat en sil allinne de nammen fan de earste trije winners publisearje.
Húsdokter Pyt W. is, lykas alle jierren alert en smyt fuortendaliks syn aptekerij iepen wannear't der in oaljekoek net goed driicht te fallen. By klachten is ek apteekassistinte Nynke de J. ree advys te jaan hokker medisinen tsjin maachkrampen yn te nimmen.
Neiskrift:
Feriening Joost Wiersma hat him weromlutsen út de striid omdat it bestjoer de útslach fan ‘e test net folslein fertrout. Doe’t opkeaper Wijbe P. anonym de oaljekoeken ophelle, is ien fan de meiwurkers fan de feriening de opkeaper efternei kaam en hat de oaljekoeken, ûnder grut protest fan Wijbe P, weromnommen. Beide partijen rekken hast slaande deilis, mar âld-plysjeman Nico H. dy’t stomtafallich by Wijbe P. yn ‘e auto siet, hat soarge dat de saak net út ‘e hân rûn en der oaljekoeken troch de loft fleane soene. Neffens Nico H. wie der hast sprake fan oaljekoekegate mar hy tinkt dat mei it weifallen fan Joost Wiersma de test dochs wol trochgean kin. "Miskien dat wy de sutelers fan de CGK-tsjerke fan de Ham útnûgje it lege plak yn te nimmen", aldus Nico H, sels net in grut ynnimmer fan oaljekoeken.
Sietse Vliegen
-
-
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 november 2024
Intocht Sinterklaas in Eastermar
Sinterklaas is weer in Eastermar! Deze keer niet met de stoomboot maar te voet door de weersomstandi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 november 2024
OPROEP!! OPROEP!!
Hallo dorpsgenoten, Wij zijn op zoek naar nieuwe leden voor in de feestcommissie van het Eastermarde... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 03 mei 2021
Hoe’t de Beimabuert-pubkwis hilarysk einige
Doarpshumor achter it byldskerm De Beimabuertferiening hie op 29 april in online pubkwis organisearr... Fierder lêze »