De lêste twa jier fan dizze riedsperioade sil Piet Reitsma de foarsittershammer fan de FNP-fraksje oernimme fan Wijbe Postma. Dit is yn de riedsgearkomste fan tongersdeitejûn 17 maart bekend makke.
Nei de gemeenteriedsferkiezing yn 2014 melde fraksjefoarsitter Wijbe Postma út Eastermar oan it ôfdielingsbestjoer en de eigen (stipe-)fraksje dat hy healwei de riedsperioade it foarsitterskip oan in fraksjegenoat oerdrage soe.
Yn jannewaris fan dit jier hat hjiroer yntern fraksje-oerlis west en dêrby stelde Piet Reitsma him kandidaat as fraksjelieder. De hiele fraksje stipe dizze kandidatuer en sadwaande sil Reitsma de twadde helte fan dizze riedsperioade de FNP-fraksje foarsitte. Reitsma (65 jier) út Oentsjerk, is dwaande mei syn twadde riedsperioade, wylst er dêrfoar al fan 1990 ôf meidraaide yn ‘e stipefraksje. Hy hie oan no ta it sekretariaat fan ‘e fraksje ûnder syn hoede en bliuwt FNP-kontaktpersoan foar de doarpen Aldtsjerk, Gytsjerk en Suwâld. Foar syn pensioen siet Reitsma yn it sakelibben as lytse selstannige. Hy hat ek skoften aktyf west yn ‘e Trynwâlden û.o. as frijwilliger by de Stichting Sociaal Cultureel Werk BOB.
-
- Informatie
- 05 juni 2023
Tippers wer los yn ‘e TipToko
Mei in ploech fan 18 frijwilligers – de Tippers – start it simmerskoft 2023. Hja beminskje it haveng... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 mei 2023
Noch ien moanne...50 jier doarpsfeest!
Noch mar ien moanne, it is hast safier, Eastermar kin begjinne mei ôftellen: in spesjale edysje fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 mei 2023
World Servants
-
- Informatie
- 25 mei 2023
30 jier Kapsalon Joukje!
Trije desennia de fêste stek oan de E.M. Beimastrjitte foar in protte Eastermarders, mar ek út de omk... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 08 november 2021
Eastermarder yn de top fan de WK Laser Standard-silerij
By it hurdsilen komt ús eins mar ien namme fuortendaliks yn ’t sin: dy fan Marit Bouwmeester fan War... Fierder lêze »