Op 15 desimber giet de nije tsjinstregeling foar it iepenbier ferfier yn. Oan de buslinen feroaret eins neat, mar de bustiden kinne wol feroare wêze! De meast opfallende feroaring is dat de lêste bus fan line 51 om 0:22 fan Ljouwert nei Dokkum giet (oer ûnder oare Tytsjerk, Ryptsjerk, Gytsjerk, Oentsjerk, Aldtsjerk).
Opstapper
Yn in grut tal doarpen rydt gjin ‘echte’ bus mear. Net by eltsenien is bekend dat alle doarpen wol mei it iepenbier ferfier te berikken binne: mei de Opstapper. De Opstapper bringt je fan in fêst punt yn it doarp nei in grutter OV-punt, sadat je dan mei de bus fierder reizgje kinne (of oarsom fansels). De Opstapper moat foarôf reservearre wurde.
It goede nijs: it taryf wurdt ferlege nei € 2,50 de rit (inkelde reis). Dêroerhinne komme de gewoane reiskosten.
Yn Tytsjerksteradiel ride Opstappers op de folgende plakken:
Wyns, nei stasjon Ljouwert - ien oere foarôf belje mei 0800 – 2802803
Mûnein, nei Oentsjerk - ien oere foarôf belje mei 0800 – 2802803
Suwâld nei Burgum (Kwekersstrjitte) - oardeloere foarôf belje mei 0800 – 2802802
Eastermar, nei Burgum (Kwekersstrjitte) - oardeloere foarôf belje mei 0800 – 2802802
Jistrum, nei Bûtenpost - oardeloere foarôf belje mei 0800 – 2802802
Earnewâld, nei Nyegea (Wâldwei)- oardeloere foarôf belje mei 0800 – 2802802
-
- Informatie
- 02 december 2023
Mienskipshûs De Kjellingen
Het is weer gezellig druk in het Mienskipshûs met klaverjassen, het itensiede met Floor en de activi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 december 2023
Eastermar is...
...in twadde doarpsskûtsje: de Broekophâlder. Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 december 2023
Eastermar in het gouden ochtendgloren
Simon Bosma hie syn drone al in pear dagen startklear stean foar in moai snie-sfearbyld boppe Easter... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 06 november 2023
Boeken, boeken en nochris boeken
Yn ús Mienskipshûs – ûnderdiel fan gebou De Kjellingen – hat Lokaal Loket in bibleteek realisearre... Fierder lêze »