Op tongersdei 13 maart, de middeis om 16.00 oere, rikt wethâlder Houkje Rijpstra fan de gemeente Tytsjerksteradiel de Kultuerpriis 2007 út. Dizze priis wurdt om it jier útrikt en beskiber steld troch de gemeente. De útrikking fynt plak yn de riedseal fan it gemeentehûs, Raadhuisweg 7 yn Burgum.
De Kultuerpriis is foar dyjinge dy’t in oansprekkend wurk op it mêd fan kultuer levere hat. Dat kin op ferskaat mêd, lykas byldzjende keunst, literatuer, Frysk, ensafuorthinne.
De sjuery, besteande út de hearen Wijbe de Vries en Eric Sinnema en mefrou Ankie van der Meer, hat út sân nominearren ien winner keazen. De winner fan de Kultuerpriis 2007 kriget in sjek fan € 950 en in replika fan it keunstwurk ‘de omrin fan it wetter’ fan Frans Ram.
Nominearren 2007
Foar de kultuerpriis fan 2007 binne ûndersteande minsken/ferienings nominearre:
- Mefrou Aukje Wijbenga- de Boer foar har boek oer Mûnein;
- Stichting korenmolen “De Hoop” te Sumar, foar it yn stân hâlden fan dizze mûne;
- Stichting Folk yn ‘e Wâlden, foar de organisaasje fan in tal folkkonserten yn Stania State en in iepenloftfestival yn ‘e Trynwâlden;
- Stichting Easterbarren, foar de organisaasje fan it jierlikse strjittefestival yn Eastermar;
- Stichting Wâldrock Burgum, en yn it bysûnder Kees Koudstaal, foar de organisaasje fan it ferneamde festival;
- Stichting Beeldenpark Vijversburg te Tytsjerk foar de organisaasje fan de eksposysje fan byldzjende keunst yn it Bosk fan Ypey;
- Stichting Ynternasjonaal Dûnsfestival foar de organisaasje fan it twajierliks dûnsspektakel yn Burgum.
-
- Informatie
- 03 juli 2022
De sigaar
Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjong... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
Eastermar is...
...it fertroude Eastermarder blau en giel, mar mei in oare betsjutting. Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 juni 2022
Expeditie FCJT
Expeditie Robinson Wanneer: Zaterdag 17 september 2022 Tijd: van 14.00 uur tot 16.30 uur (2,5 uur pro... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 juni 2022
Ein fan in tiidrek... feemerkmaster Jan Atsma stoppet dermei
Sa lang't der yn Eastermar in feemerk west hat, wie Jan Atsma derby. Krapoan 50 jier lyn begûn it al... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 oktober 2012
Uitnodiging cultuurhistorische boottocht
Vaar mee met de cultuurhistorische boottocht Van Leeuwarden naar Gaarkeuken en van Grijpskerk met de... Fierder lêze »