Op tongersdei 13 maart, de middeis om 16.00 oere, rikt wethâlder Houkje Rijpstra fan de gemeente Tytsjerksteradiel de Kultuerpriis 2007 út. Dizze priis wurdt om it jier útrikt en beskiber steld troch de gemeente. De útrikking fynt plak yn de riedseal fan it gemeentehûs, Raadhuisweg 7 yn Burgum.

De Kultuerpriis is foar dyjinge dy’t in oansprekkend wurk op it mêd fan kultuer levere hat. Dat kin op ferskaat mêd, lykas byldzjende keunst, literatuer, Frysk, ensafuorthinne.

De sjuery, besteande út de hearen Wijbe de Vries en Eric Sinnema en mefrou Ankie van der Meer, hat út sân nominearren ien winner keazen. De winner fan de Kultuerpriis 2007 kriget in sjek fan € 950 en in replika fan it keunstwurk ‘de omrin fan it wetter’ fan Frans Ram.

Nominearren 2007
Foar de kultuerpriis fan 2007 binne ûndersteande minsken/ferienings nominearre:
  1. Mefrou Aukje Wijbenga- de Boer foar har boek oer Mûnein;
  2. Stichting korenmolen “De Hoop” te Sumar, foar it yn stân hâlden fan dizze mûne;
  3. Stichting Folk yn ‘e Wâlden, foar de organisaasje fan in tal folkkonserten yn Stania State en in iepenloftfestival yn ‘e Trynwâlden;
  4. Stichting Easterbarren, foar de organisaasje fan it jierlikse strjittefestival yn Eastermar;
  5. Stichting Wâldrock Burgum, en yn it bysûnder Kees Koudstaal, foar de organisaasje fan it ferneamde festival;
  6. Stichting Beeldenpark Vijversburg te Tytsjerk foar de organisaasje fan de eksposysje fan byldzjende keunst yn it Bosk fan Ypey;
  7. Stichting Ynternasjonaal Dûnsfestival foar de organisaasje fan it twajierliks dûnsspektakel yn Burgum.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe