Sûnt 16 oktober is de gemeentegids fan Tytsjerksteradiel ek digitaal tagonklik. De ynhâld komt oerien mei de papieren ferzje dy 't alle ynwenners fan de gemeente yn de bus krije. Foardiel fan de digitale ferzje is û.o. dat men fia in sykopdracht saken flot fine kin. Fierder kin men fan in protte adressen fuortendaliks in kaartsje oproppe.

Opfallend is dat yn de rubryk 'Media' (ûnder 'Algemene Informatie') wol alle doarpskranten neamd wurde, mar dat de doarpswebsides oerslein binne. In kommersjele webside as Wâldnet wurdt wol neamd. Fan in aardich stikje promoasje foar de doarpen yn de gemeente wurdt dus net gebrûk makke. Dit wie ek al sa yn de papieren útjefte en de redaksje fan eastermar.nl hat yn it ferline dit alris by de gemeente oanjûn.

Foar it kaartmateriaal wurdt gebrûk makke fan de service fan Google Maps. Wa 't in adres yn Eastermar oanklikt, krijt yn alle gefallen in kaartsje te sjen dat better kloppet as dat yn de papieren útfiering fan de gemeentegids. (Sjoch de opmerkings hjiroer yn de pdf BREEDút fan septimber, pag. 7.) Dochs rint Google 20 jier achter want neffens dizze kaart wenje de bewenners fan ús doarp wer yn Oostermeer yn 't plak fan Eastermar.

Image

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe