...mei maks 60 oer de Litsbrêge!
Der is sûnt in pear dagen oan beide kanten fan de Litsbrêge in boerd pleatst dat in 60 km-sône oanjout. Dy maatregel is der kaam nei in oprop fan twa Eastermarmarders oan de gemeente om de ferkearsfeiligens fan it oerstekplak foar fytsers en kuierders by de brêge te ferbetterjen.
"Hoewol’t dit in goeie maatregel liket, is it lykwols net de oplossing dy't Wytske Zandstra en ik foar eagen hienen", seit inisjatyfnimmer Wijbe Postma. Hy is mar min oer de gong fan saken te sprekken. “De logika yn dizze opstelling is fier te sykjen…” Allinne in 60km boerd is lang net genôch. Pas yn kombinaasje mei in ferkearsdrompel by it oerstekplak sil de maatregel echt effekt hawwe.
Komt men fan Sumar ôf dan is ek ien fan de net logyske saken dat in sjauffeur oant de brêge ta 80 ride mei. (Te) Krekt foar de brêge moat dizze sjauffeur dan op 'e rem en werom nei 60. Dy maatregel wurdt nei de brêge net wer op opheven. Oarsom is dat ek sa. Dus dyselde sjauffeur, dy’t op ‘e hinnereis noch 80 ride mocht op ‘e Sumarderwei mei op ‘e weromreis net hurder as 60. Want dan mist der in boerd fan 60 mei trije swarte strepen dertroch.
-
- Informatie
- 16 mei 2025
Kom op zaterdag 17 mei vanaf 13.00 uur naar de Iterstún
-
- Informatie
- 16 mei 2025
Wie maakt de mooiste omslagfoto voor de Marnijs?
Marnijs nummer 54 wordt een jubileumnummer omdat we 10 jaar bestaan.Kopijdatum voor dit jubileumnumm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 15 mei 2025
DUORSUME KLEANBEURS op 16 augustus
Kom mei klean út de kast dy't dy dochs net mear passe nei de duorsume kleanbeurs op sneon (saterdei)... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2025
Stichting Iepenloftspul Eastermar komt foar ‘t ljocht
Earste ynfojûn 7 maaie grut sukses As wolkom krije de minsken bûten al te hearren:‘Jo kinne jo mar b... Fierder lêze »