×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 457 niet laden

Jûn, moandei 25 maaie, komt Omrop Fryslân wer yn Eastermar om opnames te meitsjen foar it programma Hea! Diskear giet it om de útwikselingsstudint Rodrigo Rojas dy't mei de ynternasjonale útwikselingsorganisaasje AFS in jier yn Eastermar by Floor, Antsje en Ary Schoenmakers wennet. Rodrigo hat dit ôfrûne jier fuotballe by de B's fan VVE. Moandei 25 maaie is de lêste kompetysjewedstriid fan de B's en om't Rodrigo 11 july wer werom giet nei Bolivia, is dit syn lêste wedstriid foar VVE. Hea! krige dit te hearren en it like har aardich ta en meitsje hjir in item fan. Dizze wedstriid tsjin BVC út Burgum einige yn in 4-2 oerwinning foar Rodrigo en syn tiimgenoaten. In pear minuten foar it lêste fluitsinjaal krige Rodrigo in  publykswiksel en krige er fan trainer Haaye Hoeksma en oanfierder Jille v.d Wal it shirt mei nûmer 6, dêr't hy it hiele jier yn spile hat, oanbean. De útstjoering sil wêze of op tongersdei of op freed.

p1030411

p1030419

p1030378

 

Foto's: Antsje Schoenmakers

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe