In betinkplak yn de foarm fan in bankje yn de iepenbiere rûmte, makke fan ikehout út de Wâlden. Dit is ien fan de dingen dy't realisearre binne ta neitins oan 'Wâldpyk' Jan de Boer fan Boelensloane. It bankje, mei bypassende ôffalkoer, is te finen op 'e hoeke fan de Swartewei en de Lytse Hoarnst.
Op de Swartewei by it fytspaad del, op it lân fan de Maatskip Atsma, binne earder al ferskate soarten hagedoarn plante. Ek dizze hagedoarn, in foarm fan lânôfskieding dy't eartiids hiel gewoan wie yn de Fryske Wâlden, is ûnderdiel fan it betinkplak.
It ûntbleatsjen barde op moandei 24 juny 2019 ûnder grutte belangstelling troch Jannie Brouwer, in muoike fan Jan de Boer. Sy hat ek it gedicht 'Myn lân' fan Simke Kloosterman foardroegen. Dit gedicht is ek op in plakette op it bankje te lêzen. De tekst fan de plakette kin hjir delhelle wurde.
Nei it ûntbleatsjen folge in natoer- en lânskipsekskursje ûnder lieding fan Karst Meijer en Bert Maes.
Wa wie Jan de Boer:
Sjoch ek ús eardere berjochtjouwing oer dit ûnderwerp.
-
- Informatie
- 15 mei 2025
DUORSUME KLEANBEURS op 16 augustus
Kom mei klean út de kastdyst dochs net mear pastnei de duorsume kleanbeursop sneon 16 augustus 11:00... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2025
Stichting Iepenloftspul Eastermar komt foar ‘t ljocht
Earste ynfojûn 7 maaie grut súkses As wolkom krije de minsken bûten al te hearren:‘Jo kinne jo mar b... Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 mei 2025
De plannen voor 'It Doarps Welvaren'
Hallo dorpsgenoten, Sinds februari zijn wij de trotse eigenaar van het hotel/restaurant op de E.M. Bei... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 mei 2025
Eastermarder Doarpsfeest 2025
YEEHAW!! en YIIIIIHAA!!Eastermar wurdt WESTERNMAR ! Klik hier voor een overzicht van het programma i... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 15 september 2023
Eastermar is...
...fan suterich nei super! It Eastermarder doarpswapen op de swalkstien oan de Swartewei is sûnt diz... Fierder lêze »