Yn de BREEDút fan maaie wie it al oankundige:
"Op koarte termyn wurde de pealtsjes en de parkearoantsjuttings fan it Breed ferwidere en komt der in parkearferwizing nei de Komerk. Om tefoaren te kommen dat minsken har auto dochs op de âlde plakken delsette, komme der op strategyske plakken balstiennen op it Breed. Nei de simmer komt der in evaluaasje oer de effekten fan dizze earste oanpassings en sil der in defintyf plan makke wurde dat dan yn fazen syn beslach krije sil."
De gedachte wie dat in tal frijwilligers út it doarp de pealtsjes weihelje soe, mar úteinlik hat de gemeente dochs sels oan 'e gong west. Ien en oar komt moai út yn ferbân mei it kommende Beachbarren. De fjilden kinne dan wat rûmer útset wurde.
Der mist no noch wol in ferwizing nei de Komerk foar it parkearen, mar ek dat sil grif ynoarder komme. "It docht suver wat Frânsk oan", wie ien fan de reaksjes op de feroarings.
-
- Informatie
- 07 december 2023
Fysiotherapeut Ineke de Meer met pensioen
Ineke de Meer van Fysiotherapie Yn 't doarp gaat per 1 januari 2024 met pensioen. Op vrijdag 8 decem... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Storing in de straatverlichting
Sinds eèn aantal weken is er een storing in de straatverlichting in een deel van het dorp. Een deel... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze » -
- Informatie
- 04 december 2023
Snie-dronebylden, ek fan it Heechsân
De moarns fan 4 desimber 2023 wie Eastermar en omkriten bedobbe ûnder in moai laachje snie. Simon Bo... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 oktober 2023
Attenderen op voorrangssituatie
Deze week is er door de gemeente Tytsjerksteradiel ter hoogte van bouwbedrijf Swart aan de Grote Hor... Fierder lêze »