Al jierren wurdt der wiisd op de gefaarlike oerstek by de Litsbrêge. Fuotgongers en fytsers dy’t fan Sumar komme of dy kant út moatte, fine it o sa nuodlik om dêr oer te stekken.
De wichtichste reden foar dizze benaudens is de snelheid fan de auto’s (80 km/o of hurder) en it minne sicht dat jo as fuotgonger, fytser én sjofeur dêr ha. Al jierren- en jierrenlang ha doarpsgenoaten dit probleem foarlein oan de gemeentlike ferkearssaakkundigen. Ek hat dit gefaarlike plak mear as ien kear oan ‘e oarder west by de besites fan it kolleezje fan B&W oan ús doarp. Mar nettsjinsteande dit omtinke is der noch neat feroare...
Dêrom moat der dochs mar wer ris besocht wurde om it gemeentebestjoer - de ried en it kolleezje fan B&W - sa fier te krijen dat der maatregels naam wurde om de feilichheid op dat plak te fergrutsjen. Dat kin bygelyks troch yn te sprekken by it saneamde ‘Iepen Poadium’ fan de gemeenteried. By dy ynspraak kin oan de ried frege wurde om it kolleezje fan B&W oan te trunen ta in ferbettering.
Dy ferbettering moat neffens ús, ynearsten bestean út it ferleegjen fan de maksimum snelheid dêre. Yn ús ynspraakfoarstel sille wy pleitsje foar in útwreiding fan it 60 km- gebiet fan de Swartewei oant de krusing Sumarderwei – Mienskerwei – âlde Sumarderwei. Dêr mei no ommers 80 km riden wurde. Op dy wize falle beide ôfslaggen nei de doarpskearn én de neamde oerstek, ûnder dy legere snelheid. De needsaak foar dizze oplossing is boppedat it feit dat troch de opheffing fan de skoalle yn ’e Tike der sûnt septimber 2020 ek bern út De Tike, dy’t nei de Twirre geane, oerstekke moatte.
As twadde maatregel pleitsje wy foar in ferkearsdrompel op it oerstekplak. In drompel makket it oerstekplak foar alle partijen dúdliker: fytsers en fuotgongers binne better te sjen en it snelferkear moat ôfremje foar de drompel. Ek as de brêge iepen stiet, kin de drompel frijhâlden wurde, sadat fytsers en fuotgongers net tusken de wachtsjende auto’s troch hoege te slalomjen om oer te stekken. Bykommend foardiel is, as dêr stadiger riden wurde moat, dat nei alle wierskyn de brêge minder te lijen hat.
Dêrnei, as wy fan ‘e gemeente gjin beweging hearre en sjogge, wolle wy in oar, wat twingender ynstrumint ynsette: it boargerinisjatyf. Dêrfoar moatte op foarhân minstens 50 hântekeningen fan foarstanners sammele wurde. Wy wolle ús doarpsgenoaten freegje om ús te stypjen troch in hantekening te setten. De listen wêrop’t dat kin, komme te lizzen by doarpsskoalle De Twirre, sûnenssintrum ’t Betterskip, de doarpssupermerk ‘Alles ûnder ien Dak’ en mienskipshûs De Kjellingen.
De hantekening en wat persoansgegevens hoege fansels mar op ien list ynfolle te wurden.
Wytske Zandstra en Wijbe Postma
-
-
- Informatie
- 27 november 2023
Winterferljochting skûtsje Ea hinget wer
De Winterferljochting hinget wer yn de mêst. Foto's: Henk de Leeuw Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 november 2023
Sinterklaasintocht 2023
Zaterdag 25 november 2023 was het weer zover. Sinterklaas en zijn Pieten kwamen weer met de boot aan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 november 2023
Primeur voor Lokaal Loket
Elke laatste vrijdag van de maand is SeniorWeb aanwezig bij het koffiedrinken in ’t Mienskipshûs. In... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 oktober 2023
Attenderen op voorrangssituatie
Deze week is er door de gemeente Tytsjerksteradiel ter hoogte van bouwbedrijf Swart aan de Grote Hor... Fierder lêze »