De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen fan ús doarp: in mienskiplike aksje fan ‘e Stichting Rom Paad, Enerzjyk Eastermar, maatskip Atsma en de gemeente Tytsjerksteradiel.
Op in oantal plakken – û.o. it kampke achter de folkstunen by de Nije Hoarnst, de súdrâne fan it persiel fan Bouwe de Jong lâns de Sumarderwei, in strypke by de Mienskerwei, de grienstrook oan ‘e Blauhûskamp, oan ‘e Seadwei op ’t Wytfean – is it ‘Twents bont’ siedde, dat in ferskaat oan streekeigen floara opsmite sil. It sied is beskikber steld troch de gemeente yn ’t ramt fan it duorsumensbelied yn de ferwachting dat it bioferskaat foar planten en ynsekten tanimme sil. Yn it oanbrochte mingsel sit sied fan sawol ien- as twajierrige planten. Sa hat it doarp der yn alle gefallen twa jier wille fan.
It wurk is útfierd mei help fan in mânske siedmasine fan Peter Langman dy’t achter de Atsma-trekker monteard wie en bestjoerd waard troch Atse Atsma yn syn rol fan Rom Paadrintmaster. Siedsaakkundige Evert Frankes hâlde mei Gaatse de Vries en Geale van der Wal de boel yn ‘e gaten en joegen besteklik kommintaar.
Boppedat hat Joeke van der Heide op ferskillende plakken dêr’t it grutte ark net komme koe, lytse stikjes freesd en hânmjittich ynsiedde.
It wurdt foar doarpsgenoaten en toeristen in nijsgjirrige ûnderfining as hja ynienen ferrast wurde mei blommepracht yn ús omjouwing.
Boppesteande aktiviteiten binne eins foar de ‘koarte’ termyn en dat jildt dan foaral foar it ynsiedzjen fan it persiel achter de Nije Hoarnst/folkstúntsjes. Stichting Rom Paad en Enerzjyk Eastermar ha foar dat spesifike persiel yn de fierdere takomst noch mear plannen.
It doel is om dêr in soarte fan pluk-en-yt-persiel fan te meitsjen en dat dan sa yn te rjochtsjen dat dêr ek kuierpaadsjes komme. As it komt sa’t de beide klups it yn ‘e holle ha dan sille dy paadsjes ek geskikt wêze foar rollator- en rolstoelbrûkers. Sa krije ek dyselden dy’t net mear sa mobyl binne de kâns om tichtby hûs fan de natoer te genietsjen.
Wijbe Postma (sekr. Stichting Rom Paad)
-
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 25 juni 2025
Wy hawwe jo nedich foar de nije doarpsfyzje!
Eastermar moat in nije doarpsfyzje hawwe. Mar wat is dat eins, in doarpsfyzje? Dat is in plan dêr’t... Fierder lêze »