Foar de gelegenheid mocht de nije muzykynstallaasje even oan. In hichtepunt yn de skiednis fan de iisbaanferiening: it oansetten fan de wetterpomp op 'e Komerk. Fansels wie it folsleine bestjoer oanwêzich om dizze hannelingen foar de earste kear mei te meitsjen. De pomp sil krekt sa lang trochdraaie oant de nije iisbaan folslein ûnder wetter stjit. In slûf yn de daam tusken iisbaan en de Snakkerbuorren bepaald de hichte fan de wetterstân yn de iisbaan. Omdat it gers frij lang is (der koe net meand wurde omdat it lân te sompich wie) moat der dit jier flink wetter yn.
De Komerk leit boppe NAP, fandêr dat der in pomp nedich is om it wetter yn de iisbaan te litten. Kommend foarjier is it in kwestje fan de slûf wer iepen sette; it wetter moat dan út himsels wer fuortrinne.
De lange baan foar de wedstriden is al útset, de poeiermolke yn it nije foarsjenningshúske stjit al klear, no de froast noch...
Mear yn de 'Actief' fan kommende wike.
-
- Informatie
- 16 mei 2025
Kom op zaterdag 17 mei vanaf 13.00 uur naar de Iterstún
-
- Informatie
- 16 mei 2025
Wie maakt de mooiste omslagfoto voor de Marnijs?
Marnijs nummer 54 wordt een jubileumnummer omdat we 10 jaar bestaan.Kopijdatum voor dit jubileumnumm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 15 mei 2025
DUORSUME KLEANBEURS op 16 augustus
Kom mei klean út de kast dy't dy dochs net mear passe nei de duorsume kleanbeurs op sneon (saterdei)... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2025
Stichting Iepenloftspul Eastermar komt foar ‘t ljocht
Earste ynfojûn 7 maaie grut sukses As wolkom krije de minsken bûten al te hearren:‘Jo kinne jo mar b... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 mei 2025
Planning Eastermarder Doarpsfeest 2025
YEEHAW!! en YIIIIIHAA!!Eastermar wurdt WESTERNMAR ! Klik hier voor een overzicht van het programma i... Fierder lêze »