De wurkgroep fan Theater Meerzigt is al in pear jier dwaande mei teater yn Eastermar. De list mei lytse en grutte nammen dy't yn Eastermar in foarstelling fersoarge hawwe, wurdt hieltyd langer en de foarstellings binne gauris útferkocht.
It Theater hat de ambysje net allinne foar minsken út it doarp fan betsjutting te wêzen, mar ek foar dy yn 'e omkriten. Dêrfoar is publisiteit nedich. Earst wiene der al posters en flyers. Mei it Easterbarren waard in teateraginda útdield mei it folsleine programma foar it seizoen 2010-2011. Dat wie in boppeslach want der kamen ynienen folle mear reservearrings.
De folgjende stap is in eigen webside en dy is juster, ear't Nanne en Ankie úteinsetten mei harren foarstelling, presintearre oan it oanwêzige publyk fan Theater Meerzigt. It adres fan de nije side is maklik te ûnthâlden: www.theatermeerzigt.nl.
Op de nije side binne alle foarstellings te finen, sawol de nije as, yn it argyf, de âlde. Wannear 't men belangstelling hat foar in foarstelling, dan kin der fuortendaliks reservearre wurde fia de side. Fierders binne der noch oare aardige dingen te finen, lyk as teaternijs, it 'Theatermenu' yn de mande mei Herbergh de Parel en oare ynformaasje. Om ynsicht te krijen yn de belangstelling fan it publyk kin men stimme op ferskate kulturele uteringen.
De wurkgroep fan Theater Meerzigt is tige wiis mei de nije side, benammen it automatisearjen fan de reservearrings skeelt in protte wurk.
Op 13 novimber is der wer in foarstelling, dizze kear fan it Nederlands Komedie Theater.
-
- Informatie
- 05 juli 2022
Toekenning subsidie aan Mienskipshûs Eastermar is rond!
In een vorig artikel op deze site zijn de plannen voor het Mienskipshûs in de Kjellingen al uitgebre... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
De sigaar
Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjong... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
Eastermar is...
...it fertroude Eastermarder blau en giel, mar mei in oare betsjutting. Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 juni 2022
Expeditie FCJT
Expeditie Robinson Wanneer: Zaterdag 17 september 2022 Tijd: van 14.00 uur tot 16.30 uur (2,5 uur pro... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze »